Kanonike evangeeljes

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De kanonike evangeeljes binne de evangeeljes dy't offisjele erkenning genietsje yn 'e kristlike tsjerken, wat sizze wol dat se as "it Wurd fan God" beskôge wurde. Dêrfan binne der mar fjouwer, te witten de evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes. Oare evangeeljes, lykas de evangeeljes fan Petrus, Filippus, Judas, Marsion, Marije Magdalena en Tomas, genietsje gjin erkenning en wurde de apokrife evangeeljes neamd. De fjouwer kanonike evangeeljes kinne opdield wurde yn 'e trije synoptyske evangeeljes (Mattéus, Markus en Lukas) en it net-synoptyske Evangeelje fan Jehannes.