KFFB
De KFFB (Kristlik Fryske Folksbibleteek) wie in feriening mei leden, dy't op 29 desimber 1934 oprjochte waard út it Kristlik Frysk Selskip wei. It wie de iennichste boekeklub dy't útslutend yn Frysktalige boeken die. Leden krigen trije kear jiers in boek thús besoarge fia de post. Sadwaande wiene de te ferkeapjen oplagen yn 't foar goed yn te skatten. Njonken dy trije jierlikse útjeften joech de KFFB ek oar wurk út dat los te keap wie. De Fleanende Krie wie de ledekrante fan de KFFB, wêryn't de leden û.o. op 'e hichte holden waarden oer nije útjeften.
Ein 2024 wiene der 518 boeken ferskynd by de KFFB.
Yn it earste jier fan oprjochting wiene der 85 leden. Dat oantal groeide stadichoan nei 13.500 leden mids 1960-er jierren. Yn 2024 wiene der noch mar 469 leden. De leden hearden foar it grutste part ta de âlderein en jongere leden kamen der hast net mear by. Mei dêrtroch, en troch de hegere print- en besoarchkosten, waard besletten de boekeklub yn 2025 op te heffen. Yn 2024 ferskynden noch trije boeken en in ekstra útjefte en op 29 maart 2025 waard de feriening KFFB ûntbûn.[1][2]
De Kristlik Fryske Folksbibleteek priis wie de jierlikse priis fan de boekeklub.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |