Willibald fan Mainz

Ut Wikipedy
Willibald fan Mainz
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willibald
nasjonaliteit Ingelsk
berne 8e iuw
stoarn 8e iuw
etnisiteit Angelsaksysk
wurk
taal Latyn
sjenre hilligelibbens
perioade Midsiuwen
bekendste
  wurk(en)
Vita Bonifatii
jierren aktyf 8e iuw
offisjele webside
n.f.t.

Willibald fan Mainz wie in achtste-iuwske Angelsaksyske mûnts, dy't de skriuwer wie fan 'e Vita Bonifatii, in hilligelibben oer de kristlike biskop en sindeling Bonifatius.

Oer Willibald is net in protte bekend. Hy moat koart nei de dea fan Bonifatius, dy't aartsbiskop fan Mainz wie, as jongeman op dat plak oankommen wêze, krekt doe't der út oare kriten wei (benammen út Ingelân, dêr't Bonifatius berne wie), frege waard nei in vita oer de man. Willibald krige de opdracht om yn dy fraach te foarsjen, al hied er Bonifatius sels nea met, dat hy moast alles út 'e twadde hân fernimme. De Vita Bonifatii waard lykwols in grut súkses, en der binne teminsten fjirtich manuskripten fan bekend. Willibald fan Mainz moat net betize wurde mei Willibald fan Eichstätt, dat in tiidgenoat en famyljelid fan Bonifatius wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vliet, Kaj van, In kringen van Kanunniken: Munsters en Kapittels in het Bisdom Utrecht 695-1227, Sutfen, 2002 (Uitgeversmaatschappij Walburg Pers), s. 89.