It Libben fan de Hillige Liudger
It Libben fan de Hillige Liudger | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Vita Sancti Liudgeri | |
auteur | Altfryd | |
taal | Latyn | |
foarm | hilligelibben | |
skreaun | 1e helte 9e iuw | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Libben fan de Hillige Liudger | |
publikaasje | 1997, Boalsert | |
útjouwer | It Wite Boekhús | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 9 07 03 65 855 |
It Libben fan de Hillige Liudger, yn it oarspronklike Latyn: Vita Sancti Liudgeri, is in hilligelibben of hagiografy oer de ferneamde kristlike biskop en sindeling Liudger (±742-809), dy't fan Frysk komôf wie. It is skreaun troch Altfryd, dat in folle neef fan him wie. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma kaam út yn 1997.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vita Sancti Liudgeri is de wichtichste fan 'e fiif Vitae Liudgeri, fral om't it in suver kontemporên wurk is, skreaun troch Altfryd, de trêde biskop fan Múnster (839-849). Dat wie in folle neef fan 'e hillige, dy't him op oarspronklik ûndersyk basearre dat er foar it grutste part mank syn eigen famyljefermidden dien hie. Sadwaande is dit wurk noch net sa fan leginden en sêgen trochlutsen dat skiedskriuwing en fantasij net mear faninoar te ûnderskieden binne (by de lettere Vitae Liudgeri wie dat wol sa), en kin it by kritysk gebrûk as histoaryske boarne tsjinje.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Libben fan de Hillige Liudger is opboud út trije dielen. It set útein mei in koart foaropwurd wêryn't Altfryd it ûnderwerp fan syn wurk yntrodusearret en it geskrift opdraacht oan "de dierbere bruorren en muontsen, dy't yn it kleaster fan de hilliger Ferlosser en fan de hillige heit Liudger, de Hear tsjinje yn Kristus." Ek ûntskuldiget er him derfoar, sa't dat wenst wie yn hilligelibbens, dat syn wurk net fan better kwaliteit is, en foar syn eigen brekme oan kennis en wittenskip. Ta einbeslút neamt er noch de lju op dy't syn boarnen binne, mei dêrûnder famyljeleden en in pear freonen fan Liudger, dy't de man fan tichteby meimakke hawwe.
It twadde en langste diel fan it wurk, titele Boek I, is de eigentlike libbensbeskriuwing fan Liudger. Altfryd giet earst frij djip yn op syn komôf. Dêrnei beskriuwt er Liudger syn berte, syn stúdzje yn Utert en syn beide reizen nei Ingelân. Liudger kriget dan de opdracht om it evangeelje te preekjen mank de Friezen, mar troch de opstân fan 'e Saksen, ûnder Widukind, wie al syn krewearjen om 'e nocht en ferfoelen de Friezen wer yn har âlde heidenske leauwe. Liudger gie doe op pylgerreis nei Rome en hold twa en in heal jier ta yn it kleaster fan Monte Cassino, yn 'e Apeninen, dêr't er de regel fan Benediktus oanlearde. Neitiid preke er op 'e nij it kristendom ûnder de Friezen, en letter ek ûnder de Saksen, wa har opstân oft ûnderwilens mei grouwélich bloedferjitten delslein wie troch de Frankyske legers fan Karel de Grutte (sjoch: it Bloedbad fan Verden). Nei ferrin fan tiid waard Liudger beneamd ta de earste biskop fan Múnster, in amt dat er oant syn dea ta útoefenje soe.
Yn it trêde diel, Boek II, beskriuwt Altfryd de wûndertekens dy't Liudger allegear ferrjochte hat. Sa genies er de bard Bernlef fan syn blinens en foarsei er de ynfallen fan 'e Wytsingen. Ek wurdt yn dit diel beskreaun hoe't Liudger sels in hilligelibben oer syn mentor Gregoarius fan Utert skreau. It einiget mei Liudger syn siikbêd, ferstjerren en begraffenis.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan 'e Vita Sancti Liudgeri ferskynde yn 1997 ûnder de titel It Libben fan de Hillige Liudger, as ûnderdiel fan it boekje Liudger en Gregorius, by It Wite Boekhús te Boalsert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma, en der wie in ynformative ynlieding tafoege, skreaun troch Harm Oldenhof.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|