Springe nei ynhâld

Vitae Liudgeri

Ut Wikipedy
Liudger op de boat nei Helgolân. Yllustraasje út de Vita secunda Liudgeri (11e iuw)

De Vitae Liudgeri binne de histoaryske boarnen, yn 'e foarm fan hilligelibbens, oer it libben fan 'e hillige Liudger, de earste kristlike biskop fan Múnster.

De wichtichste dêrfan is de Vita Sancti Liudgeri (oftewol It Libben fan de Hillige Liudger), dat skreaun is troch Altfryd, in folle neef fan 'e hillige, en de trêde biskop fan Múnster (839-849). Altfryd basearre him op eigen ûndersyk dat foar it grutste part mank syn famyljefermidden dien wie. De saneamde Vita Secunda (it "Twadde Hilligelibben") of Vita II, datearjend fan nei 850, en de Vita Tertia (it "Trêde Hilligelibben") of Vita III, dat nei 864 troch in mûnts yn it kleaster Werden skreaun is, binne bewurkings fan Altfryd syn geskrift.

De Vita II is folsleiner, mar befettet in protte religieuze leginden oer Liudger syn optreden, en is sadwaande histoarysk sjoen minder betrouber. De Vita III lijt noch slimmer oan dyselde krupsje. De om 1141 hinne yn it kleaster Werden skreaune Vita Rythmica (sic) en it Libellus Monasteriensis de Miraculis Sancti Liudgeri ("It Boekje fan Múnster oer de Wûndertekens fan 'e Hillige Liudger"), fan omtrint 1170, binne allinnich mar nijsgjirrich om in folslein byld te krijen fan 'e sêgen en leginden oer Liudger.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]