Widukind

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Widukind op it titelblêd fan de Topographia Saxoniae Inferioris.

Widukind of Wittekind (743 - 807) wie lieder fan de Saksen en de earste hartoch fan de Saksen dy't wy by namme kenne. Oarspronklik keazen de Saksen harren hartoggen allinnich as legeroanfierder (de letterlike betsjutting fan it wurd) dy't yn fredestiid wer ôfgean moast. Trochdat de Saksen yn syn tiid permanint strieden tsjin de Frankyske oerweldigers hold er dy funksje tsientallen jierren, sadat de Saksen wend rekken om in lieder te hawwen. Dêrtroch koe Widukind ek de ynfloed fan syn famylje fergrutsje, dy't letter yn ferskate Saksyske dynastyen in rol spile, lykas de Ottoanen, Welfen, Askanjers en Billungers.

Tsjinstanner fan Karel de Grutte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Widukind wie de liedende krêft yn de Saksyske striid om harren ûnôfhinklikens en leauwen, it heidendom, te behâlden. Neidat Karel de Grutte yn 777 de Saksen ferslein hie, socht Widukind syn taflecht by de Denen. Yn 778 gong Karel nei Spanje ta en Widukind kaam werom en foel plonderjend it Rynlân yn dêr't er in tal stêden ynnaam. Tusken 779 en 781 wie der in bruorrestriid, om't in part fan de Saksyske eallju oan de kant fan de Franken stienen. De oergong nei it Frankyske rjocht die de Saksyske adel fertuten om't de Saksyske frije boeren neffens Frankysk rjocht liifeigenen waarden.

Opstân fan de Friezen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 782 socht Widukind op 'e nij syn taflecht by de Denen, mar kaam datselde jier werom en organisearre in nije opstân. Dy opstân sloech ek oer nei de Friezen en de Wenden. De Saksen ferneatigen it Frankyske leger en makken twa hege Frankyske funksjonarissen dea. Karel sette in fjildtocht op poaten en mei in mânsk leger luts er tsjin de Saksen op. By Verden waard Widukind ferslein en 4.500 Saksen waarden deportearre. De Saksen wienen lykwols noch net ferslein troch Karel, want hja koenen in oar Frankysk leger ferslaan yn de slach by Grotenburch. Yn 784 krige Widukind help fan de Friezen dy't him in leger stjoerden.

Fredesferdrach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lang om let sleaten Karel en Widukind yn 785 frede. Karel wist Widukind oer te heljen him ta it kristendom te bekearen en mei krysttiid 785 waard Widukind doopt mei Karel as peetheit. Ta eare dêrfan hold de paus in feestmiel.

Nei alle gedachten is Widukind ferstoarn yn 807 by in slach tsjin de Swaben. Hy soe begroeven wêze yn Enger yn Herford (yn it tsjintwurdige Noard-Rynlân-Westfalen) mar de monumintale tombe dêr is net 9e-iuwsk, sadat der tocht wurdt dat it lichem dat dêr leit fan in oar is.

Hillige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wapen fan Noard-Rynlân-Westfalen

Widukind kaam letter yn leginden as in hillige en bouwer fan in protte tsjerken. Foar syn doop soe hy op in swart hynder riden hawwe en dêrnei op in witenien. It swarte hynder is ôfbylde op it wapen fan Herford en it wite hynder op de flaggen fan Noard-Rynlân-Westfalen, Nedersaksen en Twinte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gerlof Verwey - Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, s. 77.
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Widukind.