Ottoanen

Ut Wikipedy
Stambeam fan de Liudolfingen (Ottoanen)

De Ottoanen, ek wol it Liudolfingyske Hûs of it Saksyske Hûs neamd, wie in slachte dêr't in tal Midsiuwske Dútske hearskers út weikamen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Ottoanen ferwiist nei de keizers Otto I, Otto II en Otto III. Hja begûnen mei in machtich Dútsk keizerryk, dêr't al begûn wieûnder kening Koenraad I fan Franken. Hy stelde de Saksyske hartoch Hindrik de Fûgelder as syn opfolger oan. Hindrik wie de soan fan hartoch Otto I fan Saksen en in pakesizzer fan Liudolf (dêr't de namme Liudolfingen wei komt). Yn 919 waard Hindrik as Dútske kening keazen. Ien fan syn wichtichste opjeften wie it ryk tsjin de oanfallende Magyaren te ferdigenjen. Hy fersloech harren yn 933 allyksa ûnderwurp de Slaven beëasten de Elbe en de Bohemen. Hy stabilisearre en bewarre de ienheid fan it ryk.
Syn soan Otto folge him yn 936 op as kening fan Dútslân (Hindrik syn oare soan waard hartoch fan Saksen) en waard ferneamd as Otto de Grutte. Yn 955 fersloech hy de Magyaren foargoed yn de Slach op it Lechfjild en kaam in ein oan de bedrigings oan de súdeast grins. Yn 962 waard Otto troch paus Johannes XII ta keizer kroane. Mei syn regear begjint ek de saneamde Ottoanske Renêssânse.
Syn soan Otto II boaske mei de Byzantynske prinsesse Theophanu. Yn 973 waard Otto II ta Dútske kening en keizer kroane. Doe't er yn 983 ferstoar wie syn soan Otto III noch minderjierrich, dêr't de keizerinne regentes waard. Otto III stoar lykwols jong en hie gjin bern. It keningskip gie doe nei syn neef Hindrik II, sa't der noch hieltyd in Liudolfinger kening wêze koe. Yn 1024 ferstoar Hindrik sûnder dat er soannen hie, sa't de Ottoanske dynasty útstoar en de kroan oergie nei de Salyske dynasty. Liutgarde wie in dochter fan keizer Otto I en wie troud mei de Salyske hartoch Koenraad de Reade fan Loataringen. Syn oerpakesizzer wie keizer Koenraad II

Hearskers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ottoanske keningen en keizers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare wichtige Ottoanske hearskers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]