Gerberga fan Saksen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gerberga fan Saksen

Gerberga, ek wolris Gerberga fan Saksen, (* 913 - 5 maaie 969), wie hartoginne fan Lotaringen en keninginne fan Frankryk. Hja wie de âldste dochter fan de Dútske kening Hindrik I en syn twadde frou Mattilde en suster fan keizer Otto I. Hja boaske om politike redens mar hja ûntjoech har as in selsstannich operearjende frou, dy't úteinlik foar har minderjierrige soannen Frankryk regearde.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gerberga waard yn 913 berne. Har heit wie doedestiids noch hartoch fan Saksen, har mem Mattilde wie syn twadde frou. Gerberga, dy't in Leitname fan it Liudolfyngske slachte krige, wie it twadde bern en de âldste dochter fan Hindrik út dit houlik, allinne har broer, de lettere keizer Otto I wie âlder. Oer har bernetiid is neat bekend. Foar heechaadlike en ek om't hje as heechoplied beskreaun wurdt is hja opwoeksen yn in frouljuskleaster.

Houlik mei Giselbert fan Lotaringen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hindrik I liet Gerberga yn 928 boaskje mei de hartoch Giselbert fan Loataringen. Dit houlik waard sletten, sa as yn dy tiid gewoan wie, om politike redens. Hindrik makke trochdat er syn dochter mei Giselbert trouwe liet it oansjen fan Giselbert grutter en ferbûn tagelyk de machtichste eallju út Lotaringen oan it East-Frankyske ryk. Lotaringen, dat oan de westgrins fan it East-Frankyske grins lei, wie troch de ferparting fan Prüm út de Lotharii Regnum ûntstien, dat earder sels yn 843, tegearre mei it East- en West-Frankysk ryk troch de ferparting fan it Karolingyske ryk ûnder de soannen fan Loadewyk de Fromme ûntstien wie. Sûnt dy't tiid hat it in striidpunt tusken de twa Frankenriken west. Nei in lettere ferparting wie it gebiet yn 880 op grûn fan it ferdrach fan Ribemont, folslein oan it East-Frankyske ryk taparte. Yn 911 lykwols hie Giselberts heit nei de dea fan de lêste East-Frankyske Karolinger oan Konrad I de hearrigens wegere en him by it West-Frankyske ryk oansletten. Giselbert, dy't hartoch fan 915 ôf wie, hie lykwols mei de West-Frankyske hearsker rûzje krigen, en hie úteinlik nei inkelde politike setten en fjildtochten trou oan Hindrik I sward. De boask fan Gerberga mei Giselbert paste yn it plan fan Hindrik om it krekt ûntstiene hartochdom oan syn ryk te binen.