Billungers

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It territoarium fan de Billungers om it jier 1000

De Billungers wienen in aadlik Saksysk laach út de iere midsiuwen. Der wurdt ûnderskied make yn âlde en jonge Billungers, dêr't de famyljebannen fan net altiten helder by binne.

Ade Billungers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde Billungers kamen fan Wetigau en hearden by de wichtichste famylje fan East-Saksen yn de tiid fan Karel de Grutte. De earst bekende Billunger wie greve Wichman Billung (Wychmannus), dy't yn 811 ûnderhannele hawwe soe oan de Eider. Wichman II wie grêve yn Hamalân. In soan fan him, greve Egbert, de letter heit fan Herman Billung (-973), en Wichman de Alde, krige fan kening Arnulf (850-899) gebieten yn Bardengoa tawiisd. By de famylje hearden ek de "princeps" Billung, dy't fia syn dochter Oda (-913) de skoanheit fan de Saksyske greve Liudolf (-866) waard, de stamheit fan de Liudolfingers.

Jonge Billungers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de earste helte fan de 10e iuw waard de ynfloed fan de jonge Billungers yn it gebiet grutter. Machtsbasis wiene de eigen besittingen fan de famylje, lykas de greeflike rjochten op de Elbe, op Lüneburg en op de Boppe-Wezer. Herman Billung waard yn 936 fan kening Otto I opdroegen mei de beskerming fan de Under-Wezer, de nei him ferneamde Billungermark. De regelmjittige ferfanging troch de kening waard yn 961 foltôge mei de rjochten op it hartochdom Saksen. Hy waard as hartoch troch syn soan Bernhard opfolge (om-ende-by 950-1011), dy't troch syn houlik mei Hildegard fan Stade it lân Hadeln krige. Ut dat houlik stamme hartoch Bernhard II. Syn soan Ordulf regearre oant 1072.

De lêste Billunger wie Ordulf syn soan hartoch Magnus. Hy hie tusken 1073-1075 spul mei de Saaljers, mei as gefolch dat de ynfloed fan de famylje op de ein fan de 11e iuw tebek rûn. Nei syn dea waard it famyljebesit ferdield. It hartochdom wie foar Lotarius fan Supplinburg, de letter keizer, oare goederen kamen troch houliken fan de dochters oan de Askaanjers en de Welfen, dy't dêrmei harren oerhearskjende posysje yn Saksen en Thüringen fêstigen.