Hodelerlân
Appearance
(Trochferwiisd fan Hadeln)
It Hodelerlân (Dútsk: Land Hadeln) is in histoaryske regio en in earder distrikt mei as haadplak Otterndorf oan de Nedersaksyske Elbe, yn de trijehoek tusken de mûnings fan de Elbe en de Weser. Tegearre mei it Lân Woersten foarmet it noch hjoed in typysk, relatyf sletten, Frysk kultuergebiet. De namme komt al yn it Aldsaksysk foar, nammentlik yn de namme Gau Haduloha.
Yn de Midsiuwen waard it Hodelerlân kolonisearre troch Fryske emigranten. Tsjintwurdich is it part fan de landkreis (distrikt) Cuxhaven yn de dielsteat Nedersaksen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Land Hadeln fan Wikimedia Commons. |