Antígoné

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Antígoné
oarspr. titel Ἀντιγόνη
auteur Sofoklês
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 441 f.Kr.
1e opfiering 441 f.Kr., Atene
rige Tebaanske Trilogy
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Antígoné
publikaasje 1991, Aldemardum
útjouwer eigen behear
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. gjint

Antígoné, yn it oarspronklike Aldgryksk Ἀντιγόνη, Antigonē, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't diel útmakket fan 'e saneamde Tebaanske Trilogy (mei Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos), wêrfan't it it trêde diel foarmet, al is it as earste skreaun. In oare Grykske toanielskriuwer, Euripides, hie ek in stik dat fan Antígoné hiet, mar dat is op in pear fragminten nei ferlern gien. Yn Antígoné is de haadrol weilein foar Oedipoes syn dochter Antígoné, dy't foar in dilemma komt te stean: it earfolle dwaan en dan ta de dea feroardiele wurde, of har slûksturtsjend katoen hâlde en trochlibje. Hja kiest foar de earfolle wei, wat in katastrôfe opsmyt foar it keningshûs fan Tebe. Sofoklês skreau dit toanielstik yn of foàr it jier 441 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1991.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Antígoné spilet nei de dea fan Oidipoes yn Oidipoes yn Kolonos. Syn soannen Poluneikês en Etéoklês binne beide omkommen yn harren striid om 'e macht yn 'e stêdsteat Tebe. De nije kening is sadwaande Oidipoes syn sweager, Kreoon, wurden. Dy hat besletten dat Etéoklês yn syn rjocht stie en dat Poluneikês in opstanneling wie, en dat dylêste dêrom ûnbegroeven op it slachfjild lizze bliuwe moat, sadat er opfretten wurde sil troch de wylde bisten, wat yn it âlde Grikelân ien fan 'e slimste straffen wie dy't in minske oerkomme koe. In elk dy't him net oan Kreoon syn beslút hâldt, sil sels deadien wurde.

As it stik iepenet moetsje Oidipoes syn beide dochters, Antígoné en Ismênê, inoar bûten de stêd. Antígoné wol it lichem fan Poluneikês begrave, mar Ismênê is bang om dan sels de deastraf te krijen. Sy besiket Antígoné derfan ôf te bringen, mar dy set troch en begraaft Poluneikês allinnich. As Kreoon heart dat Poluneikês syn lyk tsjin syn befel yn dochs begroeven is, wurdt er alhiel breinroer. Hy lit it lyk wer opgrave en oarderet dat de dieder fûn en by him brocht wurde moat. As dan Antígoné deryn laat wurdt, komt dy planút foar har die út en redendielt se ûnferfeard mei him oer de moraliteit fan syn oarders. Om't Kreoon mient dat Ismênê har suster grif holpen hat by har die, lit er sawol Antígoné as Ismênê opslute oant se terjochtsteld wurde kinne.

Dan komt Kreoon syn soan, Haimon, op, dy't oan Antígoné fersein is. Earst beart dy dat er it mei syn heit iens is, mar geandewei it petear besiket er Kreoon op oare gedachten te bringen. As dúdlik wurdt dat syn pleitsjen oan dôvemansearen rjochte is, ferwurdt de diskusje ta in skelpartij, wêrby't heit en soan inoar bittere misledigings tasnauwe. As Haimon ôfset, swart er dat er syn heit nea wer moetsje sil. Kreoon beslút no om Ismênê it foardiel fan 'e twifel te jaan, mar Antígoné hat yn syn eagen har eigen lot besegele. Se wurdt nei bûten ta brocht en beklaget dan harsels en ferdigenet har die noch ien kear, ear't se nei in grot ta brocht wurdt dêr't se libben yn begroeven wurdt, sadat fan Kreoon nea sein wurde kinne sil dat er syn eigen omkesizzer ombrocht hat.

Antígoné by it lyk fan har broer Poluneikês.
(Skilderij fan Nikiphoros Lytras (18321904).

Dêrop ferskynt Teirésias, de bline sjenner, mei in warskôging oan Kreoon dat er mar better sjen kin dat er Poluneikês syn lichem gau begraaft, mei't de goaden ûntefreden binne oer de hiele gong fan saken. Kreoon beskuldiget Teirésias derfan dat er him omkeapje litten hat, mar de sjenner wytget him dat omreden fan 'e misdieden dy't hý begien hat (ntl. dat er Poluneikês wegere hat te begraven en ynstee dy syn suster libben begroeven hat), de offerjeften fan 'e Tebanen net mear troch de goaden oannommen wurde sille. Ek seit er dat syn flaters Kreoon in soan kostje sille. Dêrop riede de âldsten fan 'e stêd Kreoon oan om gau-gau Poluneikês te begraven en Antígoné frij te litten, en Kreoon stimt dêrmei yn. Hy giet sels mei guon tsjinstlju dat út om dy beide dingen te beävensearjen.

De folgjende sêne iepenet mei in boadskipper dy't by Kreoon syn frou, Eurydikê, komt. It docht bliken dat Antígoné yn 'e grot de hân oan harsels slein hie troch yn it tou te gean, en dat Haimon de earste wie dy't har fûn. Doe't Kreoon-en-dy dêr oankamen, nei't se it lichem fan Poluneikês kremearre en begroeven hiene, besocht Haimon earst syn heit te deadzjen, en doe't dat net slagge, liet er him yn syn eigen swurd falle. As Eurydikê dat heart, naait se út, it paleis yn.

Underwilens komt Kreoon op, dy't it lichem fan Haimon draacht. Hy begrypt no dat syn eigen dieden him ta dizze tsjinrampen brocht hawwe. Dan komt der in boadskipper út it paleis om him te fertellen dat ek Eurydikê harsels fan it libben berôve hat, en mei har lêste sike Kreoon ferflokt hat. Kreoon jout himsels de skuld fan alles. Hy is no in brutsen man, dy't de help fan syn tsjinstfeinten brek is om nei binnen te gean. De iepenbiere oarder dy't er sa heech achte, hat er beholden, en kening is er ek noch, mar om't er tsjin 'e wil fan 'e goaden yngien is, hat er wiif en bern ferlern. It koar beslút it stik troch te sjongen dat hoewol't de goaden de grutsken bestraffe, harren bestraffings wiisheid bringe.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Antígoné ferskynde yn 1991[1] fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma (ek ferantwurdlik foar de Fryske oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee), dy't it toanielstik yn in boekje fan 30 siden yn eigen behear útbrocht. It is op te freegjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 10878 fr folio.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske.

Boarnen

  • Sofoklês, Antígoné (oers. Klaas Bruinsma), sûnder jier (eigen behear), gjin ISBN, Tresoar oanfraachnû. 10878 fr folio.

sekundêre boarnen

  • Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske, yn: de Ljouwerter Krante, 13 sept. 1991.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.

De oerlevere toanielstikken fan Sofoklês
Aias | Elektra | Filoktêtês | De Froulju fan Trakhis | de Tebaanske Trilogy (Kening OidipoesOidipoes yn KolonosAntígoné)