Jelle Bangma

Ut Wikipedy
Jelle Bangma

Jelle Bangma (Smelbrêge, 14 maart 1955) fan Deinum is bekend as keatsskriuwer.

Bangma wie de skriuwer fan de keatsbiografy fan Johannes Brandsma - Bretaalwei De Brand. Fierders wie er ek ien fan de auteurs fan de keatsbiografy oer Hotze Schuil - De Lange, keizer ûnder keatskeningen - dy't yn 2006 útkaam. Jelle Bangma wurke mei oan in oantal keatsjubileumboeken. Hy is fêste meiwurker fan it keatstydskrift KEATS!.

Jelle Bangma skreau ek it jeugdboek Keatse foar de kranse (1998, útjouwerij Frysk & Frij). Yn 2006 ferskynde fan him ek it berneboek Skoare by FC Top, folge troch Kampioenen fan FC TOP yn 2013 (útjouwerij Afûk).