Springe nei ynhâld

Johannes Brandsma (keatser)

Ut Wikipedy
Johannes Brandsma
keatser
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Gerrit Brandsma
bynamme De Brand
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 23 oktober 1957
berteplak Seisbierrum
stjerdatum 31 maart 2023
stjerplak Achlum
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sport Keatsen,
peloaten
PC 1982,
1983
1987,
1988
debút 1977
karriêre-ein 1990

Johannes Gerrit Brandsma (Seisbierrum, 23 oktober 1957 - Achlum, 31 maart 2023[1]), ek wol "De Brand" neamd, wie in âld-topkeatser dy't sawol yn it Frysk spul as it peloaten syn spoaren fertsjinne hat. Nei syn aktive sportkarriêre makke Brandsma namme as trainer en coach.

Punteklassemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 12 jier dat hy aktyf wie yn de haadklasse fan de KNKB keatse hy 659 klassemintpunten byinoar: hy keatste 216 finales, wêrfan hy 157 winnend wist ôf te sluten en helle nochris 68 lytse premys. Brandsma waard mar leafst 57 kear ta kening útroppen. De Brand wie seis kear klassemintswinner, yn 1982 mei in rekôr puntetal fan 98. Ek it tal oerwinnings wie dat jier heger as ea in oare keatser helle hie: 29. Beide rekôrs binne sûnt dy tiid noch net brutsen.

Ferrin keatskarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brandsma makke syn entree yn de haadklasse yn 1977. Syn suksesfolste jierren wiene 1982 em 1983 doe't er mei Piet Jetze Faber en Sake Saakstra in suver net te ferslaan partoer foarme. Brandsma hat syn karriêre yn it Frysk spul yn 1985 en 1986 ûnderbrutsen foar in Belgysk aventoer by it peloteteam fan Braine-le-Compte. Yn 1990 kaam Brandsma foar it lêst út yn de haadklasse en keatste dêrnei noch 4 jier yn Belgje.

De PC waard troch Brandsma 4 kear wûn: yn 1982 en 1983 as efterynse mei Sake Saakstra en Piet Jetze Faber en yn 1987 en 1988 as foarynse mei Peter Rinia en Tunno Schurer.

Oare klassikers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare klassikers dy't Johannes Brandsma op syn earelist stean hat binne de Bûnspartij (2x), de Jong Nederlânpartij (2x), de Rengersdei (6x) de Aldehoupartij (3x) en de Van Aismadagen (3x).

Johannes Brandsma ferstoar yn 'e nacht fan 30 op 31 maart 2023, yn 'e aldens fan 65 jier, nei in koart siik wêzen[2]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: