KNKB

Ut Wikipedy
Logo KNKB

It Keninklike Nederlânske Keatsbûn of KNKB is it bûn dêr't de measte keatsferienings yn Nederlân by oansletten binne.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It KNKB is op Pinkstermoandei 7 juny 1897 as Fryske Keatsbûn oprjochte troch Willem Westra op inisjatyf fan keatsferiening Jan Bogtstra út Frjentsjer. Dy dei waard ek de earste Bûnspartij keatst. It bûn waard letter werneamd ta it Nederlânske Keatsbûn (NKB), en krige letter it predikaat Keninklik. Op 1 april 1994 is it KNKB fusearre mei it Kristlike bûn foar de Fryske Keatssport, CFK, mar behold de namme KNKB.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utsein de PC is it bûn formeel de organisator fan alle offisjele keatspartijen, wêrûnder de Nêderlanske kampioenskippen yn alle troch it bûn fêststelde kategoryen. It is it oerlisorgaan fan alle oansletten keatsferienings yn Nederlân, dy't ek wol ôfdielings neamd wurde. It soarget ek foar genôch, kwalitatyf goed materiaal, kaderfoarming en de bûnstreningen foar selektearre keatsers. It bûn is ek de behearder fan it Keatsmuseum, yn Frjentsjer.

Ynternasjonaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It KNKB is oansletten by de ynternasjonale keatsfederaasje CIJB (Confederation Internationale du Jeu de Balle), dêr't ûnder oaren ek it Belgysk Keatsbûn, de Frânske Jeu de Paume federaasje, de Italiaanske Pelota Elastico federaasje en it Falensiaansk keatsbûn mei ferbûn binne.

Ledetallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

[1]

Jier Tal leden Tal ferienings
2008 14.390 127
2009 13.947 124
2010 13.483 123
2011 13.994 124
2012 14.064 124
2013 15.046 123
2014 14.127 116


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ledentallen, NOC*NSF