Springe nei ynhâld

Keatsmuseum

Ut Wikipedy
Keatsmuseum
Kaatsmuseum
  museum
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Foarstrjitte 76
koördinaten 53°11′13″N 5°32′23″E
Algemiene gegevens
type sportmuseum
wurkmêd keatsen
oprjochting 1972
Offisjele webside
Offisjele webstee fan it Keatsmuseum
Kaart
Keatsmuseum (Frjentsjer)
Keatsmuseum
Lokaasje yn Frjentsjer.

It Keatsmuseum (brûkt ek de Nederlânske foarm Kaatsmuseum) is in museum yn 'e Fryske stêd Frjentsjer, dat folslein wijd is oan it keatsen. Dat in museum op it mêd fan dy sport yn Frjentsjer stiet, is net tafallich, mei't Frjentsjer troch de dêr eltse simmer organisearre PC (de wichtichste keatswedstryd fan it jier) it sintrum fan it keatsen is.

It Keatsmuseum waard yn 1972 iepene, en is dêrmei (nei eigen sizzen) it âldste sportsmuseum fan Nederlân. It wurdt beheard troch it Keninklike Nederlânske Keatsbûn (KNKB), en omfettet fêste tentoanstellings dy't de skiednis en ûntwikkeling fan 'e keatssport en syn kulturele betsjutting sjen litte. Fierders hat it museum wikseljende útstallings dy't wijd binne oan beskate bysûndere keatsers, ferienings of oare tema's. Sa wie der yn 2003 in tentoanstelling oer "150 jier PC". Ek binne der orizjinele keatsprizen en earetekens útstald. Op it keatsfjild by it museum kin in keatstrening folge wurde.

Fan 1995 oant 2014 siet it Keatsmuseum op 'e boppeferdjipping fan it histoaryske Camminghahûs, in âlde stêdstins op it adres Foarstrjitte 2, deunby de Bredepleats en de Martinytsjerke. Op 'e ûnderferdjipping fan it gebou siet yn dy jierren in filiaal fan 'e Friesland Bank. Doe't de bank yn 2013 fallyt gie, waard it gebou ferkocht (sûnt sit der in bakkerij mei in eigen ythoeke). It Keatsmuseum is sadwaande yn 2014 ferfearn nei de oare ein fan 'e Foarstrjitte, dêr't it no fêstige is op nûmer 76, deunby it Sjûkelân, dêr't de PC ferkeatst wurdt.

Yn de iere moarn fan 26 april 2024 rekke de gevel fan it Keatsmuseum slim skansearre ta gefolch fan in plofkreak dy't rjochte wie op de jildautomaat by it museum.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: