Lytse premy

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De lytse premy betsjut yn it keatsjargon in tredde priis. In tredde priis wurdt helle troch ferliezende heale-finalisten (op 'e fjouwer of op 'e trije).

Yn de keatssport bestie earder de tradysje om oan de heale finalisten mei it leechste nûmer op de dielnimmerslist in fjirde priis ta te kennen en oan dy mei it heechste nûmer de tredde priis, omdat dy lêsten teoretysk langer yn kompetysje wiene foar priis en premy. It leechste nûmer wie yn dat ferbân fan it partoer dat neffens it ferrin fan de keatspartij (rekken hâldend mei steande nûmers) it earst oan bar wie de heale-finale te spyljen.

In lytse premy is yn klasseminten goed foar ien punt.