Keatsjargon
Appearance
Keatsjargon
- Alles oan de hang: Stân wêrby mei it folgjende punt de partij beslist wurdt.
- Balkearder: In keatser sûnder opslach- en perkfunksje.
- Biltske telling: Telling wêrby it partoer dat as earste 30 punten hellet in partij wint.
- Ferkeard opslein: Unreglemintêre opslach.
- Fiif gelyk, seis gelyk: Stân wêrby mei it folgjende punt de partij beslist wurdt.
- Knapper: In bal dy't mei in want mei in nap útslein wurdt mar net goed yn 'e nap komt
- Lytse premy: Tredde of fjirde priis
- Oan west: Of de bal is earst oanrekke troch in meistanner en wurdt dêrnei slein, óf de bal rekket yn 'e flecht in spiler (meistanner as tsjinstanner) oan 'e lea.
- Oerrinne: By it opslaan de foarste line fan it opslachfak oanreitsje of passearje.
- Op 'e dea stean: De tsjinstanner hat fiif earsten en seis punten (wedstrydpunt).
- Op 'e fjouwer of op 'e trije stean: Yn de heale finale stean
- Premy: twadde priis
- Priis en premy: "om priis en premy keatse": yn de finale stean
- Pripper: Opslachbal dy't krekt oer de foarline, of neist de sideline yn it perk komt.
- Snitser telling: It winnend partoer krijt 7 punten takend, it ferliezend partoer it behelle tal earsten foar en 7 punten tsjin.
- Spatskerm: (Yllegale) nap yn in keatswant
- Steand nûmer: Frije tagong nei de foljende omloop as der yn it ferrin fan in keatspartij in ûneven tal partoeren yn de striid is.
- Switsersk systeem:
- Skjin earst: In earst dat sûnder tsjinpunten wûn as ferlern wurdt.