Switsersk systeem

Ut Wikipedy

It Switsersk systeem is in toernoaisysteem dat in soad tapast wurdt by tinksporten. As eksperiment is it systeem ek wol tapast by keatspartijen.

De basis fan it systeem is dat men in tal punten kriget (bygelyks 1 punt foar in oerwinning en in heal punt foar in remise), en dat yn eltse omloop safolle mooglik spilers dy't it selfde tal punten skoard hawwe tsjin elkoar yndield wurde, mei as restriksje dat deselde spilers net faker as ien kear tsjin elkoar spylje. Dêrtroch spylje yn de rin fan in toernoai de sterkere spilers tsjin elkoar en de mindere ek.

Oan de ein fan it toernoai wurdt troch it tal helle punten útmakke wa't ta winner útroppen wurd. As dy gelyk binne wurdt it saneamde wjerstân systeem brûkt om de útslach fêst te stellen. Dat hâldt yn dat sjoen wurdt nei it puntetal dat de ferskate tsjinstanners meiïnoar helle hawwe.

Foardiel fan it Switsersk systeem dat der gruttere kâns is dat de sterkste spilers elkoar yn de lêste omlopen tsjinkomme en dat útskeakele spilers dochs noch partijen op harren eigen nivo spylje kinne. In neidiel is dat der gjin beslissende finale spile wurdt en dat in toernoai dêrtroch minder oantreklik wêze kin foar it publyk.

Sjoch ek: MacMahon systeem