Jeu de pelote
Jeu de pelote is in foarm fan keatsen dy't yn parten fan Belgje spile wurdt. De measte ferienings binne te finen yn de Dender- en Skeldestreek en yn de provinsjes Henegouwen en Namen.
Foarm fan it spul
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In pelotepartoer bestiet út 5 persoanen. It partoer dat as earste 15 earsten hellet is winner fan de wedstryd. De telling yn de earsten is wakker gelyk oan dy by it frysk spul: 15 - 30 - 40 - earst. In punt wurdt by pelote in fyftjin neamd. Der binne mear oerienkomsten mei it Frysk spul mar ek in tal wichtige ferskillen. Sa wurdt it Jeu de Pelote spile op pleinen ynstee fan op gersfjilden en is de foarm fan de keatsbaan ek oars.
Skema pelotebaan |
De keatsbaan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In pelotefjild bestiet út 2 trapezia: De grutste dêrfan is de romte fan de foarline oant de boppeline (it grut spul neamd): De boppe is 19 meter breed, de foarline 7 meter. De ôfstân fan de boppe nei de foarline is 30 meter. It perk (by pelote it lyts spul neamd) is mar leafst 42 meter djip en slút of mei in efterline dy't 8 meter breed is. Yn it grut spul leit it opslachfak fan 5 by 3 meter, tsjin de boppe oan.
It materiaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt tsjintwurdich spile mei in kunststoffen bal mei in trochsnee fan 48 mm en in gewicht fan 45 gram. Earder waarden lykas by it Frysk spul learene ballen brûkt. De bal wurdt troch de opslagger mei in slach mei de bleate hân yn it spul brocht. De oare spilers meie in learen want mei fersteviging brûke, as beskerming én om de bal mear faasje te jaan.
Wat regels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn grutte halen jilde de regels dy't ek by it Frysk spul fan tapassing binne mei in tal ferskillen.
De opslach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle spilers binne ferplichte op te slaan. De folchoarder fan opslaan moat foar it begjin fan de wedstryd by de skiedsrjochter bekend wêze. Eltse spiler slacht in hiel earst op. By it opslaan moat de opslagger de bal mei de hân dêr't mei slein wurdt, opgoaie. As in opslagger de bal oer de efterline fan it perk slacht is dat in direkt punt.
De retoerslach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spilers fan de perkpartij meie de bal mei ien as beide hannen slaan of keare. As bal al as net mei in stuit oer de boppeline slein wurdt is dat in direkt punt. As de bal earne yn it grut of lyts spul lizzen bliuwt of, nei op syn minst ien stuit oer in sydline giet, is dat in keats. Keatsen wurde bûten de sydlinen (ek wol "koardlinen" neamd) oanmerkt.
Ruiljen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ruiljen fan perk nei opslach en oarsom giet lykas by it Frysk spul: As de twadde keats makke wurdt, of as der in partoer op 40 stiet by ien keats.
Jeu de Pelote yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Fryslân wurdt al lang sa út en troch wolris in potsje pelote spile. Sûnt it ein fan de njoggentiger jierren wurdt yn de KNKB-federaasje Littenseradiel in pelote-doarpekompetysje yn ferskate kategoryen spile.
De keatsferiening Onder Ons yn Easterlittens organisearret sûnt 1999 it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote.
Yn Fryslân binne fjouwer pelote-banen: Twa yn Frjentsjer (ien njonken sporthal De Trije en ien op it terrein fan "Blomketerp"), op it doarpsplein fan Easterlittens en op it parkearterrein fan de sportfjilden yn Minnertsgea.