Springe nei ynhâld

Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote

Ut Wikipedy
Iepen Frysk Kampioenskip
Jeu de Pelote
Ympresje fan it kampioenskip yn 2004.
Ympresje fan it kampioenskip yn 2004.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Easterlittens
holden yn doarpsplein
tiid fan it jier mids juny
bysûnderheden
ôfkoarting IFK Jeu de Pelote
soarte evenemint sport (keatsen)
bestean 1999 – no
org. troch Keatsferiening Onder Ons

It Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote is in sportevenemint foar senioaren dat elts jier om mids juny hinne plakfynt op it doarpsplein fan it Fryske doarp Easterlittens. Jeu de pelote is keatsen sa't dat yn Belgje dien wurdt, mei in justje swierdere keatsbal (fan 50 g), in smeller "fjild" mei ûndergrûn fan klinkerts of asfalt en partoeren fan elts fiif keatsers.[1] It IFK Jeu de Pelote, sa't de wedstryd faak ôfkoarte wurdt, bestiet sûnt 1999,[2] en wurdt organisearre troch de Easterlittenser Keatsferiening Onder Ons.[2] De wikselpriis is "It pealtsje fan Easterlittens".[boarne nedich] Yn 2018 waard it 20-jierrich bestean fan it evenemint fierd.[2]

Dielname en organisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan it Iepen Frysk Kampioenskip stiet iepen foar ôfdielings fan de KNKB út Fryslân en om utens.[boarne nedich] It kampioenskip wurdt foar it grutste part ôfwurke yn de buorren fan Easterlittens. As it wedstrydskema soks needsaaklik makket, wurdt der ek wol spile op de pelotebaan fan de KNKB yn Frjentsjer en op de pelotebaan yn Minnertsgea.[boarne nedich]

Yn 2005 is it tal te spyljen partijen werombrocht troch de sterkste partoeren te setten foar de 2e omloop en de minder achte partoeren foarrûnden keatse te litten, lykas ek by bygelyks tennistoernoaien wol dien wurdt. Dêrtroch kinne alle partijen yn Easterlittens spile wurde.[boarne nedich]

Trochinoar komme op it IFK Jeu de Pelote sa'n 200 oant 250 man publyk ôf, mei útsjitters nei 400.[2] Nei de oergong fan Easterlittens de Gemeente Ljouwert, per 1 jannewaris 2018, krige de organisaasje te meitsjen mei strangere regels oangeande lûdsoerlêst (net mear as 85 db) en hegere kosten foar fergunnings.[2]

Winnerslist fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jeu de Pelote, op www.KNKB.nl.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 Bokma, Hinne, Tweintich jier jeu de pelote op moaiste keatsbaan fan Fryslân, yn: Op 'e Skille, 30 maaie 2018.