Buorren (doarp)

Ut Wikipedy

De buorren is de wenkearn of it sintrum fan in doarp, dêr't de huzen it meast oanien steane en dêr't de wichtichste strjitten rinne. Meast leit de buorren ticht by de tsjerke en soms hat in doarp mear as ien buorren, fral as der twa histoaryske doarpen of doarpskearnen oaninoar groeid binne. Sa hat Winsum in 'Tsjerkebuorren' en in 'Brêgebuorren'. Dy nammen binne beholden bleaun yn strjitnammen en ferwize nei in eardere sitewaasje wêrby't der twa groepkes huzen wiene mei in stik romte dertuskenyn (dy't yn 'e tweintichste iuw folboud is): ien tropke huzen om 'e tsjerke hinne, en in oar tropke oan 'e Frjentsjerter Feart. Yn earder tiden wennen yn 'e buorren almeast de ambachtslju, winkellju en letter ek de rinteniers. It doarpslibben spile him doedestiden foar it meastepart ôf yn de boppeseal fan de herberch of kafee. De beboude kom fan in doarp waard doe ek wol oantsjutten as de binnebuorren, en wat dêrbûten lei, wie de bûtebuorren. Tsjintwurdich falt by lytsere doarpen de buorren faak gear mei de doarpskom. It tsjinstelde fan 'e buorren is dan it romtlike bûtengebiet mei pleatsen en eventueel útbuorrens om it eigentlike doarp hinne dat lykwols bestjoerlik wol ta it doarp heart. Sa'n bûtengebiet fan in doarp hjit in himrik.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: