Wjelsryp
Wjelsryp | ||
Galemawei | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 455 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 5,95 km², wêrfan: - lân: 5,83 km² - wetter: 0,11 km² | |
Befolkingsticht. | 78 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 09' N 5° 36' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan Wjelsryp< | ||
Kaart | ||
Wjelsryp is in doarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. Wjelsryp leit oan de Frjentsjerter Feart, likernôch 5 km. súdeastlik fan de stêd Frjentsjer, op in langhalige kwelderwâl dy't al foar Kristus bewenne wie. Under it doarp Wjelsryp hearre ek de buorskippen 't Heechhout, Tsjeppenbûr en De Westerein.
It doarp hat 455 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By terpôfgravings yn Wjelsryp binne munten, diggelguod en in gouden ring út de Romeinske tiid fûn
De tsjerke giet werom op de 11e iuw en wie foar de reformaasje oan de hillige Ursula wijd. Yn 1834 is de sealtektoer ynstoart. Yn it plak fan de toer kaam op de tsjerke in dûknekkich spitske. Wjelsryp en Baaium foarmje tegearre in tsjerklike gemeente.
Oan 'e westkant fan it doarp stie eartiids op it plak dêr't no de pleats Op 't Heechhout stiet de Rumeda State.
Op 21 novimber 1960 fûn der in slim fleantúchûngelok plak yn Wjelsryp. In Thunderstreak-strieljager stoarte del op it pleatske fan de famylje Postma. Tsjerk en Richtsje Postma en harren 4 bern Tryntsje, Aaltsje, Willem en Gerrit binne hjirby ferstoarn. Se waarden te hôf brocht op it tsjerkhof fan Wjelsryp. Ek de piloat Jacques Snijders oerlibbe it ûngelok net.[3]
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Wjelsryp diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Dêrnei kaam it yn de nij foarme gemeente Littenseradiel te lizzen. Op 1 jannewaris 2018 waard Littenseradiel opdield en kaam Wjelsryp yn gemeente De Waadhoeke te lizzen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wjelsryp hat in doarpsbelang en in soad aktiviteiten fine plak yn it doarpshûs Yn 'e Mande. It doarpsfeest wurdt altiten yn juny organisearre.
Wjelsryp waard eartiids ek wol It Hillige Lân neamd en de skelnamme fan de ynwenners is fjurkemigers.[4]
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Ursulatsjerke (Wjelsryp).
Herfoarme gemeente Wjelsryp-Baaium
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kristlike basisskoalle De Grûnslach. De skoalle waard yn 1872 oprjochte.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Begraffenisferiening Gedenk te Sterven
- Biljertklub It Griene Lekken
- Gymnastykferiening SMI
- Iisklub It Gouden Reedtsje
- Keatsferiening SMI
- Kristlik Fanfarekorps Concordia
- Kristlik mingd koar De Lofstem
- Oranjekommisje Wjelsryp-Baaium
- Stifting Lûkrock
(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside.)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2007 | 2009 | 2013 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 348 | 509 | 469 | 453 | 455 | 450 | 489 | 495 | 452 |
Jier | 2015 | 2022 | |||||||
Ynwenners | 463 | 450 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johannes Tinga (1922–2011), publisist
- Doet Boersma (1958), keunstner
Oansjen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De doarpskom leit yn it noarden: de Greate Buorren mei útienrinnende bebouwing fan boarger- en arbeiderswenten út foaral de 19e iuw. De strjithoeke oan de Galemawei wurdt markearre troch in notabele wenning. Oan de oare kant lizze bûten de doarpskom twa kop-romppleatsen. Súdlik leit de frij hege, keale terp mei dêr njonken stiet de pastorije, in karakteristike wenning út 1877 op in fjouwerkante plattegrûn mei útboude middenpartij.
Fuort súdwest fan 'e Ursulatsjerke folget de Lytse Buorren mei 19e-iuwske bou, mar yn súdlike rjochting ek jongere huzen, sels oant folkshúsfesting fan nei de oarloch ta. De skoalle út 1921 stiet op 'e hoeke mei de Galemawei mei dêrfoaroer frijsteande gebouwen mei ûnder mear in stjelppleats en in grutte notabele wente, dy't lykas de pastorije in fjouwerkant grûnplan hat.
Noch fierder súdwestlik rint de Frjentsjerter Feart troch de doarpsbebouwing, hoewol't oan 'e súdwestkant fan dat wetter mar in bytsje huzen mear steane. It eigentlik Wjelsryp wurdt fan 'e byhearrende buorskip De Westerein ôfsnien troch de provinsjale wei N384, wêrfan't it trasee tusken Winsum en Frjentsjer yn 1977 oanlein waard en dy't pleatslik bekend stiet as de Suderpolderwei. Likernôch in heale km besuden Wjelryp leit de brêge yn de N384, dêr't de wei de Frjentsjerter Feart krúst.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]'t Heechhout, De Warren, Frjentsjerterpaad, Galemawei, Grutte Buorren, Iestwei, Lytse Buorren, Nije Buorren, Noarderein, Oasterein, Pastoryleane, Stjelpdyk, Suderpolderwei, Terpwei, Tillewei, Tsjeppenbûr, Westerein.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|