Springe nei ynhâld

Republic F-84 Thunderstreak

Ut Wikipedy
F-84F Thunderstreak
RF-84F Thunderflash
algemiene ynformaasje
rol Jachtbommesmiter/jager
lân f. oarspr. Feriene Steaten fan Amearika
makker Republic Aviation
gebrûk
earste flecht 3 juny 1950
yn tsjinst 12 maaie 1954
út tsjinst 1972 (US Air National Guard)
1991 (Grikelân)
tal makke 3.428
grutste brûker United States Air Force
oare brûkers Dútske loftmacht
Italjaanske loftmacht
Belgyske loftmacht
Nederlânske loftmacht
ûntwikkele út Republic F-84 Thunderjet
fierdere bysûnderheden
farianten XP-84,XP-84A,YP-84A,P-84B(F-84B),EF-84B,F-84C,F-84D
F-84E,EF-84E,F-84F,GRF-84F,RF-84F,YF-84F
F-84G,EF-84G,XF-84H,YF-84J,F-84KX

De Republic F-84 F Thunderstreak wie in Amerikaanske swept-wing turbojet jachtbommewerper. Hoewol't it in trochûntwikkeling wie fan de F-84 Thunderjet mei rjochte fleugels, wie de F-84 F in nij ûntwerp. Nederlân krige it tastel fan de USAF yn it ramt fan it Mutual Defense Aid Program (MDAP).

De Republic RF-84 F Thunderflash wie in ôflate ferzje foar loftferkenning, maklik werom te kennen oan de trijehoekige luchtynlitten dy 't yn de fleugelwoartels yntegrearre wiene.

De F-84 F wie ien fan de earste fleantugen mei stabilisatoaren: hielendal beweechbere horizontale sturtflakken (hichteroeren). Dy ferbetterden de bestjoerberheid en dêrmei wie de Streak in brûkber fleantúch wurden.

In Amerikaanske RF-84 F Thunderflash fotoferkenner
In F-84 F Thunderstreak searje P-191 fan de Keninklike Loftmacht op fleanbasis Gilze-Rijen
De cockpit fan de F-84F

De Thunderstreak hie lêst fan deselde minne startprestaasjes as de Thunderjet mei syn rjochte fleugels, nettsjinsteande it feit dat er in krêftigere motor hie. Yn werklikheid gie hast 700 pûn krêft (3,11 kN) of tsien prosint fan de totale driuwkrêft ferlern omdat de J65 ûnder in hoeke ynstallearre wie en de strielbuis net perfekt rjocht wie (neist de gebrûklike driuwferliezen troch de lange strielbuis). Op in waarme dei wie in startbaan fan 2.285 m nedich foar de stiichoanrin. In typyske startfaasje wie 300 km/o). Krekt as de Thunderjet pykte de Thunderstreak út op krúsfaasje en hie er foarsisbere fleaneigenskippen binnen syn prestaasjeberik. Krekt as syn foargonger, wie er ek gau oerlutsen (stal) en koe it loskommen fan de fleugels fan it fleantúch dêrfan it gefolch wêze. Boppedat wiene spins yn de F-84 F praktysk net te korrizjearjen en wie de sjitstoel de iennichste mooglikheid ûnder 3.000 m foar de fleander om it der libben fan ôf te bringen.

Operasjonele skiedenis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Projekt Run In foltôge de operasjonele testen yn novimber 1954. De USAF wie tefreden oer it tastel dat gâns better as de F-84 G prestearre. Trochduorjende motorsteuringen laten der lykwols ta dat de hiele float begjin 1955 oan 'e grûn hâlden waard. Ek bleau de J65-motor lêst hâlden fan flamútslach by it fleanen troch fûle rein of sniejeien. [1] As gefolch fan de problemen begûn it útfasearjen fan de F-84 F hast fuortendaliks nei 't dy yn 1954 yn tsjinst kommen wie en wie yn 1958 klear. Tanimmende spanningen yn Dútslân yn ferbân mei de bou fan de Berlynske Muorre yn 1961 late ta de reaktivearring fan de F-84 F float. Yn 1962 waard de float oan de grûn hâlden fanwege korroazje fan de kontrôlestêven. Der waarden mei-inoar 1.800 manoeren bestege om elts fleantúch wer folslein operasjoneel te meitsjen. [2] Spanningskorroazje twong úteinlik ta de pensjonearring fan de ANG F-84F's yn 1971.

Op 9 maart 1955 festige Lt. kol. Robert R. Scott in rekôr fan trije oere, 44 minuten en 53 sekonden foar de flecht fan 3.936 km fan Los Angeles nei New York yn in F-84F Thunderstreak. [3]

Yn wat nei alle gedachte ien fan mar in pear loftgefjochten dêr't de F -84F yn belutsen wie, skeaten twa F-84F Thunderstreaks fan de Turkske loftmacht twa Iraakse Il-28 Beagle bommesmiters del dy 't by fersin de Turkske grins oerstutsen by in bombardemintsoperaasje tsjin Iraakske Koerdyske opstannelingen. Dat gefjocht wie op 16 augustus 1962.

De F-84 F waard yn 1964 troch de USAF út aktive tsjinst helle en ferfongen troch de North American F-100 Super Sabre. De RF-84 F waard yn USAF-ienheden ferfongen troch de RF-101 Voodoo en 'ferballe' nei de Air National Guard. De lêste F-84 F Thunderflash gie yn 1971 mei pensjoen by de ANG. De RF-84F's dy 't yn 1991 mei pinsjoen giene, wiene de lêste operasjonele F-84's.

Streaks by de Klu

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pear tastellen waarden troch de Amerikanen oerflein, mar de measte Streaks foar de Keninklike Loftmacht (Klu) waarden troch Amerikaanske fleandekskippen nei Rotterdam brocht en nachts oer de dyk nei fleanfjild Ypenburg sleept. 311 squadron naam de earste Nederlânske tastellen offisjeel yn ûntfangst op de fleanbasis Volkel yn desimber 1955. 312 squadron fleach de earste missy mei F 84 F's yn april 1956, mar beide Streaks lânen mei in meganysk defekt op Volkel. In pear wike letter rekken trije fleaners fan 312 it paad bjuster, makken de brânstof op en moasten harren rêde mei de sjitstoel. It tige lege opliedingsnivo fan de fleaners late dus ta in soad wurk foar it opliedingssquadron 313, dat njonken de 20 Lockheed T-33's ek 25 Thunderstreaks yn gebrûk naam. Ek de Eindhovense squadrons 314 en 315 wikselen harren F-84G's yn foar 25 - F's en it reservistesquadron 316 waard mei de Streak opnij oprjochte.

Crashte Thunderstreak, Reidswâl 1959

Dat ynearsten fleagen seis squadrons mei Thunderstreaks. De KLu hie nea mear as 156 tastellen as gefolch fan alle ûngelokken yn de earste jierren. Fanwegen tekoart oan fleantugen waard 316 squadron opheft. 313 folge by in reorganisaasje fan opliedingen. De Operationele Conversiecursus op de F-84 F waard yndield by 312 en úteinlik by 315 squadron, dat der 38 Streaks op nei hold. 315 trainde ek Belgyske fleaners yn it ramt fan de Belgysk-Nederlânske fleanoplieding.

Yn desimber 1970 naam 314 squadron ôfskied fan de lêste Nederlânske Thunderstreak: de P-177 dy 't, yn de geast fan dy tiid, mei blomkes beskildere wie. De F-84 F hie by de KLu 15 jier yn tsjinst west. Der waarden 320.528 fleanoeren mei makke en yn dy perioade giene 74 tastellen ferlern.

Crashes yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1959 crashte in Thunderstreak op de Reidswâl ûnder Jouswier en op 21 novimber 1960 stoarte in Thunderstreak del op it pleatske fan de famylje Postma yn Wjelsryp. De hiele húshâlding is dêrby ferstoarn. Ek de piloat Jacques Snijders oerlibbe it ûngelok net.[4]

194 Thunderstreaks giene nei de Italiaanske loftmacht, dy 't der de F-84 G mei ôfloste by 8 squadrons op de bases Rimini-Miramare, Ghedi-Montichiari en Aviano. Healwei 1959 wiene der noch fiif Gruppi mei F-84F’s oer. De Dútsers fleagen nea mei de Thunderjet, de Thunderstreak wie it earste gefjochtsfleantúch fan de nije Luftwaffe. It earste Jagdbomberschwader, JBG 31, waard yn juny 1958 operasjoneel. JBG 32, 33, 34 en 36 folgen. Dy fiif wings fersliten 450 Streaks. Hoewol 't Dútske militêren net yn 'e buert fan kearnwapens komme mochten, beluts de USAF fan 1960 ôf oare bûnsmaten op it Europeeske fêstelân wol by de driging mei massale nukleêre ferjilding. 311 Sqn fan de KLu waard yn Nederlân as earste troch de USAF oanwiisd, folge troch 312 Sqn. De atoombommen op de fleanbasis Volkel waarden troch de USAF beheard; in situaasje dy 't oant no ta trochduorret. Ek op bases yn oare lannen b.g. Kleine Brogel, Rimini, Ghedi, Buchel en Lahr waarden kearnwapens opslein. 314 Sqn op Eindhoven krige mei konvinsjonele bommen in oarlochsbestimming op de flanken fan it NAFO-gebiet tawiisd; in soad oefeningen yn Noarwegen wiene it gefolch.

Algemien
  • Bemanning: 1
  • Lingte: 43 ft 4.75 in (13,23 m)
  • Spanwiidte: 33 ft 7.25 in (10,25 m)
  • Hichte: 14 ft 4.75 in (4,39 m)
  • Fleugeloerflak: 325 sq ft (30 m2)
  • Gewicht leech: 13,830 lb (6.200 kg)
  • Maks. startgewicht: 28,000 lb (12.701 kg)
  • Oandriuwing: 1 × Wright J65-W-3 turbojet, 7,220 lbf (32.1 kN)
Prestaasjes
  • Maks. faasje: 1.119 km/o op seenivo
  • Fleanberik: 1.304 km aksjeradius mei twa droptanks
  • Tsjinstplafond: 14.000 m
  • Klimfaasje: 42 m/s
  • Lading fleugels: 423 kg/m2
Bewapening
  • 6× .50 in (12.7 mm) Browning M3 masinegewearen, fjouwer yn de noas boppe de motorynlit, twa in de fleugels, totaal 1.800 patroanen

Oant 2.727 kg raketten en bommen, mei ien Mark 7-atoombom

Elektroanika
  • A-1CM of A-4 rjochtapperatuer mei APG-30 of MK-18 ôfstânsradar
Kommunikaasje-apparatuer
  • AN/ARC-33 of 34 command set radio
  • AN/APX-6 of 6A IFF set
  • AN/AR-6 radiokompas
  • AN/APW-11 of 11A radarset
  • AN/APN-21 TACAN set

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Knaack 1978, s. 42.
  2. Knaack 1978, s. 42.
  3. Week In History U.S. Air Force
  4. Youtube, filmke Nederlânsk Ynstitút Byld en Lûd