Johannes Tinga
Johannes Tinga | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 desimber 1922 | |
berteplak | Wjelsryp (Fryslân) | |
stoarn | 24 desimber 2011 | |
stjerplak | Menaam (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | feekeapman | |
reden bekendheid |
skreau en publisearre in koarte autobiografy |
Johannes Tinga (Wjelsryp, 24 desimber 1922 – Menaam, 24 desimber 2011) wie in Frysk feekeapman út Baaium dy't syn libbensferhaal yn 1998 opskreau en publisearre.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tinga wie de soan fan boere-arbeider Gosse Tinga (1879-1941) fan Baaium en dy syn frou Geertje Rispens (1896-1965) fan Spannum. Troch wenningneed yn Baaium kaam er yn 1922 yn it oangrinzgjende doarp Wjelsryp te wrâld, op in boerespultsje yn 'e útbuorren De Westerein. In jier nei syn berte kaam der in wente yn Baaium frij en ferhuze it gesin dêrhinne. Johannes Tinga wie it âldste bern yn syn heite húshâlding, en hie trije jongere bruorren: Jan, Geert en Ale. Hy wie ien fan 'e lêste bern dy't noch nei skoalle west hawwe yn it âlde doarpsskoaltsje fan Baaium, dat yn 1933 opheft waard om't der te min learlingen wiene. Tenei moasten de Baaiumer bern yn Wjelsryp nei skoalle; "de âld skoalle", sa't it skoalgebou yn Baaium noch teminsten in heale iuw bekendstie, waard neitiid it doarpshûs "De Eartpot" (in namme dy't ferwiist nei de tradisjonele skelnamme foar Baaiumers).
Nei't er yn 1936 mei fjirtjin jier fan skoalle gien wie, die Tinga earst hjir en dêr wat losse putsjes, mar yn 1937 fûn er fêst wurk as boere-arbeider. De earste trije jier wied er yn 'e tsjinst by Jakob Leijenaar fan Bonkwert, in útbuorren dy't ûnder Spannum falt. Hy fertsjinne dêr it earste jiers ƒ85,- (mar dêrnei al fluch mear) en dan hied er mei-iens ek kost en ynwenning. Winterdeis, as de measte kij dochs drûchstiene, hied er in hiele wike frij. Yn 1940 gie Tinga oer nei Johannes Noordenbos, fan Wammert, in útbuorren ûnder Easterlittens, dêr't er oannommen waard foar ƒ300,- yn 't jier, en yn 1943 kaam er by Jorrit Noordmans fan Iens yn 't wurk. Datselde jiers moast Tinga him katoen hâlde om oan tewurkstelling yn Dútslân te ûntkommen. Hy die it wurk op 'e Ienzer pleats noch wol, mar sliepte nachts op sideplakken op wikseljende adressen. Yn 1945 kaam er inkeld nochris yn 'e buorren fan Iens, mar fierders doarst er it hiem eins net mear ôf. (Iens lei yn dy tiid oan 'e ein fan in dearinnend paad, dat dêr koe men de Dútsers en lânwachters altyd moai op 'e tiid oankommen sjen.)
Nei de befrijing rekke Tinga by de boer wei om't er feekeapman wurde woe. Der hie altyd al in sterke hannelsgeast yn him sitten, en no moast it wurde. Ein july 1945 fêstige er him wer yn Baaium, dêr't er hast syn hiele fierdere libben oan 'e Hasthemerwei wenjen bliuwe soe. Tinga die yn skiep, lammen en keallen, yn 't earstoan ek wol yn kninen en inkeldris yn koartwjukte einen. Underwilens hied er kunde krigen oan Sijtske Bos (1924-2008), in winkelmansdochter út Kûbaard, dêr't er op 1 juny 1948 mei troude. Se krigen fjouwer bern: Minke (1950), Gosse (1951), Geertje (1953) en Akke (1959). Johannes Tinga ûntjoech him ta in betûft keapman, dy't op 'e feemerken fan Ljouwert (freeds) en Snits (tiidsdeis) elkenien koe. By in protte boeren wied er in graach sjoene gast, mei't er it smout opsizze koe en om't er in petear suver sûnder ynbring fan oaren wol geande hâlde koe.
Doe't er in jier as 75 wie, skreau er syn libbensferhaal en syn oantinkens op "foar it neigeslacht", sa't er it sels ûnder wurden brocht. Dêrby joech er rom omtinken oan syn hannelspraktiken, mei útspraken by it hantsjebakken en prizen derby dy't him soms fyftich jier nei dato noch klear foar de geast stiene. Yn it neijier fan 1998 liet er dizze beheinde autobiografy drukke en ynbine ta in boekje fan 120 siden. Under de titel Van Boerenknecht tot Veehandelaar brocht er it yn eigen behear út en gie der doe (letterlik) mei de boer op om der út 'e kofferbak wei mei te suteljen.
Neitiid rekke Tinga syn frou oanhelle mei de sykte fan Alzheimer en moast opnommen wurde yn in fersoargingstehûs, dêr't hja yn 2008 ferstoar. Tinga sels wenne noch ferskate jierren op himsels yn Baaium, oant hy ek yn 'e minnichte rekke en ferhúzje moast nei in keamer yn it fersoargingstehûs Nij Statelân, yn Menaam. Dêr kaam er op syn 89ste jierdei, op 24 desimber 2011, te ferstjerren. Tsjin dy tiid hied er fjouwer bern, tolve pakesizzers en alve oerpakesizzers. Hy waard begroeven op it tsjerkhôf fan Baaium.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|