Nuete knyn
Nuete knyn | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Oryctolagus cuniculus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: n.f.t. (húsdier) |
De nuete knyn is de domestisearre foarm fan 'e wylde knyn. Kninen wurde al sûnt de Romeinske tiid as húsdier holden, yn 't earstoan noch poer foar it fleis, mar fan 'e njoggentjinde iuw ôf ek as selskipsdier. Troch it fokken fan kninen binne der in grut tal rassen ûntstien, wêrfan't guon op lichaamlik mêd tige by tige ôfwike fan 'e wylde knyn, dêr't se fan ôfstamje. De Flaamske reus kin bgl. mear as 8 kg weagje, wylst der ek dwerchkninerassen besteane mei in gewicht fan minder as 1 kg. Trochinoar weagje kninen lykwols 1½ oant 2 kg. Ek komme der alderhanne kleuren foar: wyt, alle nuânses brún, swart, griis, blau, bûnt, ensfh. Kninen binne kwetsber foar sykten as myksomatoaze en RHD (rabbit haemorrhagic disease; "kninebloedfloeien"), en moatte, as it goed sil, eins ien kear jiers dêrtsjin yninte wurde.
Dit artikel is in stobbe oer biology.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|