Springe nei ynhâld

Dôvenettels

Ut Wikipedy
sûchnettel
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): twasiedblêdigen
(sûnder rang): asteriden
(sûnder rang): lamiïden
skift: lippeblomeftigen (Lamiales)
famylje: lippeblommen (Lamiaceae)
ûnderfamylje: dôvenettels (Lamioideae)
tûke: dôvenettels (Lamieae)
skaai: dôvenettels (Lamium)
Linnaeus, 1753

De dôvenettels (Lamium) binne in skaai fan planten binnen de famylje fan 'e lippeblommen. It skaai bestiet út ienjierrige, mar ek út mearjierrige planten.

Yn it Frysk hjit de dôvenettel ek wol Adam-en-Eva, (stille, nuete, sêfte, dôve, wyfke of wite) brânnettel, nettelstrûk, (sêfte, dôve) broeier, broeinettel, daunettel, huningblom, ingeltsje-iten, (bline, dôve) nettel, sûchnettel of sûger.

De namme dôvenettel komt fan de âlde betsjutting dôf = "net-wurkjend". De blêden lykje sterk op dy fan de brânnettel, mar hawwe gjin nettels mei mieresoer. De namme sûchnettel komt fan de nektar dy't út de blomkes sûge wurde kin.

De ûngefear 40 soarten planten fan dit skaai binne lânseigen yn Jeraazje en Noard-Afrika.

Yn Fryslân en Nederlân komme de folgjende soarten foar:

Eartiids waarden de giele dôvenettel (Lamiastrum galeobdolon) en de bûnte giele dôvenettel (Lamiastrum galeobdolon 'Florentinum') ek wol ta dit skaai rekkene.

Bûten Nederlân komme ek noch foar:

thunb
thunb
De blomkes fan tichtby

List fan planten