Meanen

Ut Wikipedy
Syklomeander
Seineharje mei in strikel
Sirkelmeander
Sirkelmeander
Sitmeander
Trekker mei foarop in syklomeander en efterop in skodder
Messekoaimeander

Meanen is it weiheljen fan it boppegrûnske diel fan in plant, mei de hân (seine) of mei in meanmasine. De plant wurdt in pear sintimeter, of lykas by spinaazje flak boppe de grûn ôfmeand.

Oflieden fan meanen is it begryp meanfjild, dat it oerflak fan in stik grûn oanjout.

Meanoerflak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meand wurde:

De meanfrekwinsje hinget sterk ôf fan it gebrûk. Sa wurde bjirmen meastal mar ienkear jiers meand, greide 4 - 5 kear yn it jier, in gazon yn it groeiseizoen alle wiken en de tee fan in golfbaan alle dagen.

Meanmasines[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hiem[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In hiem wurdt meand mei in gersmeander mei messekoai of in sirkelmeander. By in messekoai wurdt it gers ôfknipt trochdat in koai mei messen lâns in fêst ûndermes draait. Dit jout, at de messen skerp binne, it bêste risseltaat. Foar lytse hiemen is der in mei de hân foarút drukte koaimenader. Foar grutte hiemen en sportfjilden binne der selsridende masines mei faak mear as ien messekoai. It neidiel fan in messekoai is dat it gjin stâlen ôfmeane kin, sadat der benammen ein maaie en juny op tiid meand wurde moat.

By in sirkelmeander draait ien mes, dat oan de úteinen skerp slipe is hurd yn de rûnte, wêrtroch't it gers ôfslein wurdt. Der binne hântriuwde, selsridende en sitmeandrs. Der binne elektryske meanders mar ek mei in benzinemotor. Faak wurdt yn kombinaasje ek in blêdeklauwer, gersskjirrre, kantsjestekker en in ferticulator brûkt.

Greide[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it meanen fan greide waard eartiids in meanbalke of in syclomeander brûkt, tsjintwurdich binne it benammen skivemeanders. By in meanbalke geane twa messen troch in hinne-en-de-wer geande beweging by elkoar del, wêrtroch it gers ôfknipt wurdt. In syklomeander hat in hurd rûndraaiende trommel wêr't oan de râne in pear meskes monteard binne. In syklomeander slaat it gras ôf. In skivemenader is dêr wer op fierderûntwikkele. It is in balke mei allegear lytsere skiven wêr't de messen oansitte. Troch meardere lytse skiven ynstee fan in oantal grutte trommels ta te passen kin der kreazer en hurder meand wurde.

Bjirm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it meanen fan in bjirm wurdt in meanbalke of in klepelmeander brûkt. Foar it meanen om obstakels wurdt in boskmeander (trimmer) brûkt. By in klepelmeander sitte stielen klepels oan in rûndraaiende as. De klepels slaan it gras derôf. In klepelmeander giet minder maklik stikken as dizze in stik stien of izer tsjinkomt. In boaskmeander wurdt droegen en hat in rûnraaiende meankop mei nylontriedden, dy't it gers ôfslaan. Dizze meander wurdt brûkt om it gers lâns obstakels, lykas peallen en rânen ôf te meanen.

Nôt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It nôt waard yn de âldheid ôfmeand mei in sisel, letter mei in sichte en pikheak en dan ta skeaven bûn. No wurdt nôt terske mei in meantersker. Dat is in selsridende masine dy't tagelyk meane, terskje en skjinje kin yn ien wurkgong. It fjild dat oerbliuwt hjit in stoppelfjild.

Oanpassing fan fegetaasje oan meanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Benammen gerssoarten binne oanpast oan it beweidzjen en meanen. Der binne wol ferskillen tusken de gerssoarten. Ingelsk raaigers kin bygelyks yn Nederlân goed tsjin beweidzjen én tsjin meanen. Mar timotee kin goed tsjin meanen, mar net tsjin beweidzjen. Dêrneist binne der ek twasiedlobbigen, lykas soerstâle en stikel, dy't troch it foarmjen fan in dikke pinwoartel goed tsjin meanen kinne.

Fegetaasjes passe har by it meanrezjym oan. Troch bjirmen bygelyks pas te meanen as der troch de planten sied foarme is, sille der mear ienjierrige en twajierrige plantesoarten yn de bjirm foarkomme. Omdat de oene soarte earder bloeit en sie foarmet as in oare soarte is it wichtich dat de bjirmen net op itselde tiidstip fan it jier meand wurde.

Yn in krekt ynsiedde gazon komt faak ek ûntúch foar. Nei de earste kear meanen ferdwynt der al in soad ûntúch, lykas mealje.

Flaktemaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânmjitte deimat is 4997 m² en is it stik lân dy't in meander mei in seine op in dei meane koe.

Oar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân wurdt ek alle jierren it Frysk kampioenskip Seinemeane holden.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wikiwurdboek-side - meane