Sichte

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sichte + heak

In sichte is in stik boere-ark foar it meanen fan nôt dat tagelyk wat hat fan in seine en in sikkel.

In sichte en in sikkel kinne mei ien hân brûkt wurde, in seine mei beide hannen. De stâle mei it hantfet hjitte tegearre de werft. De werft wurdt makke út in spesjaal foarme stik hout, om as hantfet en stâle fan it meanblêd te wurkjen. De lingte fan de werft fan in sichte is is sawat de helt fan de stâle fan in seine.

De frije hân kin brûkt wurde foar it hantearjen fan in pikheak of matheak om it nôt byinoarte pakken ta in skeaf of skeau. In oantal waard dan oerein setten ta in hok om fierder te drûgjen. In pikheak bestiet út in houten hantfet fan ûngefear 60 sintimeter mei in heak fan ûngefear 15 sintimeter leadrjocht dêrop.