Springe nei ynhâld

Bloedsomrin

Ut Wikipedy
Bloedsomloop by de minsk. Read: bloedfetten mei in protte soerstof yn it bloed, blau: bloedfetten mei soerstofearm bloed.

It bloedfettestelsel of de bloedsomrin by de minsk is it sletten systeem fan fetten dêr't it bloed trochhinne streamt. Der binne twa bloedsomrinnen, de lytse en de grutte. De fetten ferbine it hert en de organen en soargje foar de oanfier fan soerstof en fiedingsstoffen en foar de ôffier fan ôffalstoffen lykas koalstofdiokside. De bloedsomrin soarget ek foar sirkulaasje fan hormoanen en ôfwarstoffen en waarmte.

It fettestelsel is it gehiel fan bloedfetten yn it lichem. Dat stelsel is opdield yn de oanfierende slachieren (arterieel stelsel) en de ôffierende ieren (feneusk stelsel). De grutste mannichte bloed hawwe de ieren. Yn it ierstelsel is de bloeddruk relatyf leech. Yn de slachieren (arteriën) sit in relatyf lyts part fan it bloed, mar dêr hearsket in folle hegere druk. Dat is de bloeddruk dy't by de dokter metten wurdt. Om reden fan dy hege druk kin by in slachierlike blieding rillegau in soad bloed ferlern wurde en dy't ta de slimme tastân shock late kin.

Dit artikel is in stobbe oer anatomy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.