Obesitas

Obesitas (besibbe en min ofte mear synonimen binne oergewicht, swierlivichheid, fetsucht, korpulinsje en adipositas) is in kondysje fan it minsklik lichem wêrby 't de natuerlike enerzjyreserve fan in mins of sûchdier, dy't yn fet opslein wurdt, fier oer de gewoane nivo's hinne giet, oant it de sûnens yn gefaar bringt. Swierlivichheid is by wylde bisten frij seldsum, mar net ûngewoan by minsken en by hûsdieren, dy't faak ferfuorre wurde en te min bewege.
Yn 2008 hie mear as de helte fan de folwoeksen befolking yn de Europeeske Uny oergewicht of obesitas. Gemiddeld wie 15,5% fan de befolking te grou (BMI fan mear as 30 kg/m2). Foar de measte Europeeske lannen, ek Nederlân, wie dit mear as in ferdûbeling fergelike mei de sifers fan 1988.[1]
Yn in grut part fan de moderne wrâld (benammen yn de westerske wrâld) wurde minsken mei obesitas beskamme en stigmatisearre. Dit fenomeen wurdt "fatshaming" neamd. Dochs waard it eartiids algemien sjoen as in symboal fan rykdom en fruchtberens en yn guon parten fan de wrâld is dat noch hieltyd sa.
Medyske reaksjes op swierlivichheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De konvinsjonele artsen advisearje strategyen om gewicht te ferliezen om sa de gesondheidsrisiko's te ferlichtsjen febûn oan swierlivichheid. Der is kontroverse sawel over wat dy strategyen realistysk omfette, en ek oft sokke doelen wol in better sûnensresultaten jouwe.
Metoaden om it gewichts omleech te bringen binne dieetferoarings, mear bewege, medisinen en sjirurgyske behannelingen. Hjirfan binne de "wûnderdiëten" it meast betwist. Ferskate ûndersiken suggerearje dat it gewichtsferlies op koarte termyn faak liedt ta metabole oanpassingen dy't op langere termyn krekt ta groei fan it gewicht liede.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Obesity fan Wikimedia Commons. |