Hantsjebakken
Hantsjebakken is in foarm fan ûnderhanneljen yn 'e hannel dy't eartiids in protte dien waard. Tsjintwurdich is it frijwol allinne noch bekend fan 'e keaplju op 'e feemerk.
By it hantsjebakken slane de ferkeaper en de eventuele keaper inoar by it loven en bieden op 'e hân om in priis oerien te kommen. Dat giet krekt sa lang troch oant de belutsen partijen it iens wurden binne. As dat punt berikt wurdt, slút men it hantsjebakken ôf mei in hândruk. It komt ek foar dat der gjin oerienstimming berikt wurde kin oer de priis; yn sokke gefallen fynt der gjin ôfslutende hândruk plak.
De term 'hantsjebakken' wurdt yn it deistich spraakgebrûk fral yn oerdrachtlike sin brûkt. Dêrby ferwiist men oer it algemien nei in wat temûke foarm fan ôfspraken meitsjen, dêr't foar bûtensteanders dreech grip op te krijen is.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |