Springe nei ynhâld

Stjelp

Ut Wikipedy
In stjelp yn Fryslân

In stjelp is in pleats mei alle bedriuwsromtes ûnder itselde tek. De stjelp komt mear foar by feehâlderij as by ikkerbou. De ierste ôfbylden oer de stjelp komme fan in âlde kaart fan de Súdwesthoeke by Starum.

Skiednis en skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stjelp ûntstie yn de wat minder rike dielen fan Fryslân. De stjelp wie nammentlik goedkeaper as de âldere Kop-hals-romppleats, mei't dy út ferskate boudielen bestiet.[1] De Fryske stjelp is besibbe oan de Noard-Hollânske stolp, mei omdat West-Fryslân eartiids Fryske grûngebiet wie. De grutste ferskillen tusken de stjelp en de stolp is it dak; by de stolp is it dak piramidefoarmich, by de stjelp net; en de plattegrûn, dy't fjouwerkant is by de stolp hat de stjelp net[2]

De stjelppleats makke fral yn de twadde helte fan de 19e iuw opgong, sadat it úteinlik it meast foarkommende type pleats waard yn Fryslân. De stjelp waard beskôge as in foarútgong yn de pleatsbou.[3]

By de stjelp sitte de wendielen en de molkenkelder direkt efter de foargevel. Boppe de molkenkelder sit de opkeamer. De opset fan de skuorre is frijwat itselde as by de kop-hals-romppleats, allinne rint de kowestâl meast net oer de hiele lingte om't er opkeard wurdt troch it wengedielte dat de hiele breedte fan it gebou ynnimt.

Ek letter yn de 20e iuw waarden noch stjelpen set, mar doe faak mei harkenielen foar de souderkeamers.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Stelp.
  1. Website project "It Frysk Boerespul" - Histoaryske pleatsen
  2. Gerian Snels, Website Onderzoek "Dorps Wonen"-Boerderijen
  3. J.A. Mulder, Het huis als kenmerk van materiële cultuur van de Friese boerenelite. Een terreinverkenning op it webstee fan It Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer, 2003