Provinsjale wei 384

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan N384)
Jump to navigation Jump to search
N384

De provinsjale wei 384 of N384 is in provinsjale wei fan 24,8 km yn Fryslân. De wei foarmet in ferbining tusken de N393 by Tsjummearum en de N354 by Dearsum. De N384 waard foar it meastepart yn 'e 1960-er jierren oanlein, mar it trasee tusken Frjentsjer en Winsum waard pas yn 'e midden fan 'e jierren santich nij oanlein en yn 1977 iepene. Ten noarden fan Frjentsjer slút de wei oan op de A31 rjochting Harns en Ljouwert.

De wei is útfierd as twastrooks-gebietsûntslutingswei mei bûten de beboude kom in maksimumsnelheid fan 80 km/h. Yn de gemeente Frjentsjerteradiel hjit de wei efterienfolgens Kade, Hegesylsterwei, Tzummarumerwei, Frjentsjerterwei, Boargemaster J Dijkstrawei en Lutje Lollumerwei.
Yn de gemeente Littenseradiel Suderpolderwei en Froonackerdyk. It lytse gedielte yn de gemeente Boarnsterhim hjit Harstawei.