Oerlis:Wjelsryp

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

dûknekkich[boarne bewurkje]

Ieneach fan 'e Esk, Kneppelfreed, FreyaSport, Wutsje, Drewes: wit immen fan jimme wat in "dûknekkich" spitske is? Ik kin it wurd fierder net fine. RomkeHoekstra (oerlis) 19 aug 2023, 19.13 (CEST)[beäntwurdzje]

Zantema's Frysk Wurdboek (F-N) (1992): "dûk'nekk(er)ich, adj. & adv. Met voorovergebogen nek; -'rêgich, adj. Holruggig (van paarden). Wutsje 19 aug 2023, 19.20 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ik wit net oft it wurd yn dit ferbân eins wol brûkt wurde kin. Mar wat de skriuwer der grif mei sizze woe is dat de Wjelsrypster tsjerke in tige koart lyts tuorke hat yn ferhâlding ta oare tsjerken yn dit diel fan Fryslân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 aug 2023, 21.12 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat tink ik ek en och, as metafoar kin it fansels wol. Sjoch oars ek noch it WFT. Wutsje 20 aug 2023, 03.29 (CEST)[beäntwurdzje]
Ieneach fan 'e Esk Wutsje: Tank foar jim reaksjes, ik hie it sa stean litten en dan is dat sa bêst.--RomkeHoekstra (oerlis) 20 aug 2023, 08.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Drewes: Mar ik sjoch no ek dat al it wurk dat ik der juster oan dien ha, justerjûn troch jo werom draaid is. It is no wer it âlde artikel mei de âlde ynfoboks, de ferâldere ynformaasje en de âlde opset. Hiene jo earne beswier tsjin of wie der oars wat?--RomkeHoekstra (oerlis) 20 aug 2023, 08.14 (CEST)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Blinder! Ik wie fansels net fan doel om jo wurk werom te setten. Hoe't ik it hân ha wit ik net. Begjinnende ierferkalking? Ik ha it wilens in oarder makke. Drewes (oerlis) 20 aug 2023, 16.41 (CEST)[beäntwurdzje]

Drewes: Klear is 't wer en tank foar it werom setten.--RomkeHoekstra (oerlis) 20 aug 2023, 20.09 (CEST)[beäntwurdzje]