Gram

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De dop fan in balpin weaget krapoan 1 g.
1rightarrow.png Dizze side giet oer de ienheid fan gewicht. Foar oare betsjuttings, sjoch: Gram (betsjuttingsside).

It gram, ôfkoarte ta g, is in ienheid fan massa (yn 'e folksmûle in gewichtsmjitte) yn it metrike stelsel fan it Système International (SI), dy't oerienkomt mei in tûzenste fan in kilogram. Nettsjinsteande dat dy lêste mjitte it foarheaksel "kilo-" draacht, is net it gram, mar it kilogram in fûnemintele ienheid fan it SI. Dat is in útsûndering op 'e binnen it SI algemien jildende konvinsje dat de mjitte sûnder foarheaksel de fûnemintele ienheid is. By it tapassen fan oare foarheaksels wurdt lykwols wol wer útgien fan it gram, wat liedt ta besibbe mjitten as it hektogram en it miligram.

Etymology en ôfkoarting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De term 'gram' komt fan it Latynske gramma, dat sels wer ôflaat is fan it Grykske γράμμα, grámma. Dat wurd, dat eins fan oarsprong "letter" betsjutte, hie yn 'e Lette Aldheid de twadde betsjutting krigen fan 1/24 fan in ûns, wat oerienkomt fan 1,14 g yn moderne gewichtsmjitten. De offisjele ôfkoarting fan it gram is "g" (sûnder punt) en net, sa't men wolris sjocht, "gr" (dat eins de ôfkoarting fan 'e gewichtsmjitte grein is) of "gm", dat yn 'e Angelsaksyske wrâld noch wolris brûkt wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd gramme waard yn 1795 troch de Frânske Nasjonale Konvinsje ynfierd om 'e yn 1793 yntrodusearre term gravet te ferfangen. De definysje bleau itselde: it gewicht fan in kubike sintimeter wetter. It gram wie de fûnemintele ienheid fan massa binne it njoggentjinde-iuwske CGS-systeem fan ienheden. Dat bestie yn 'e tweintichste iuw lange tiid njonken it MKS-systeem fan ienheden dat yn 1901 betocht waard en dat it kilogram as fûnemintele massa-ienheid hie. Yn 1960, doe't it MKS-systeem útornearre waard om as grûnslach te tsjinjen foar it Système International, waard it kilogram ek yn dat nije systeem de fûnemintele massa-ienheid. It gram wurdt dêrom sûnt offisjeel definiëarre as 1×10–3 kg.

Omrekkenings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

omrekkenings nei oare massa-ienheden fan it SI
omrekkenings nei oare massa-ienheden bûten it SI
  • 1 gram is gelyk oan 15,4323583529 greinen (gr)
  • 1 gram is gelyk oan 0,0321507465 ounce troy (ozt) of Ingelsk ûns
  • 1 gram is gelyk oan 5 karaat (kt)
  • 1 gram is gelyk oan 8,98755179×1013 joules (J)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.