Ton (massa)

Ut Wikipedy
Ynriidferbod foar fiertugen dy't mear weagje as 5,4 ton.

In ton (fan it Frânske tonne), soms ôfkoarte as t, is in ienheid foar in massa (yn 'e folksmûle in gewichtsmjitte) fan 1.000 kilogram. De ton is gjin oantsjutting yn it metrike stelsel fan it Système International (SI); de juste oantsjutting is eins megagram, mar dy wurdt frijwol nea brûkt.

It is fierders wichtich om foar it ferstân te hawwen dat yn 'e Angelsaksyske lannen mei it wurd ton in oare gewichtsmjitte bedoeld wurdt: in short ton of in long ton. Foar it ûnderskie mei de ton sa't dy op it Jeropeeske fêstelân brûkt wurdt, sprekt men yn it Ingelsk fan in metric ton ("metrike ton") of brûkt men de Frânske skriuwwize tonne.

Foar swiere eksplosiven, lykas kearnwapens, wurdt de eksploazjekrêft yn 'e regel útdrukt yn kiloton. Ien kiloton komt oerien mei 1.000 ton oftewol 1 miljoen kilogram.

Omrekkenings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.