Rengersdei
Rengersdei | ||||
holden yn | Ljouwert | |||
sport | Keatsen | |||
organisator | keatsferiening LKC Sonnenborgh | |||
earste edysje | july 1903 | |||
|
De Rengersdei is in keatswedstryd fan keatsferiening LKC Sonnenborgh út Ljouwert. De Rengersdei wurdt mei de PC, de Aldehoupartij en de Van Aismadei rekkene ta de klassikers ûnder de keatspartijens yn Fryslân.
De wedstryd is ûntstien yn july 1903 as frije formaasjepartij fan de yn dat jier oprjochte keatsferiening Sonnenborgh. Om de wedstryd oansjen te jaan waard besocht it bestjoerde pommeranten fan de stêd Ljouwert oan har te binen. De boargemaster stelde yn it earstoan dan ek sulveren leppels, sigarekokers en oare prizen beskikber. Sa stelde Baron Van Harinxma thoe Slooten yn 1913 trije sulveren leppels beskikber. Baron van Welderen Rengers joech in mei goud montearde barnstiennen sigarepipen as twadde priis. Yn 1919 stelde dizze selde baron de earste priis beskikber: trije gouden horloazjes. De wedstryd waard dêrom nei him ferneamd. Dit bleau hy dwaan oant 1942. Yn 1927 stelde de Kommissaris fan de keninginne, Master P.A.V. baron van Harinxma thoe Slooten, in keningspriis beskikber yn de foarm fan de sulveren wannelbal. Dy waard doe wûn troch Klaas Kuiken.
List fan winners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klaas Kuiken 8x
- Andre Kuipers 7x
- Johannes Brandsma 6x
- Piet Jetze Faber 6x
- Andre Kuiper 6x
- Sake Saakstra 6x
- Tunno Schurer 6x
- Teade Zijlstra 6x
- Flip Zoolsma 6x
- Piet Helfrich 5x
- Klaas van Wieren 5x
- Gerben Okkinga (jr.) 5x
- Hotze Schuil 4x
- Erik Seerden 4x
- Chris Wassenaar 4x
- Wiep van Wieren 3x