Alkêstis (toanielstik)
Alkêstis | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ἄλκηστις | |
auteur | Euripides | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 438 f.Kr. | |
1e opfiering | 438 f.Kr., Atene | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Alkêstis | |
publikaasje | 1995, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | gjint |
Alkêstis, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ἄλκηστις, Alkēstis, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Euripides (±480-±406 f.Kr.). It wurdt ornaris klassifisearre as in trageedzje, mar soe likegoed in tragikomeedzje neamd wurde kinne. Euripides basearre it op 'e myte oer kening Admetus, dy't syn frou Alkêstis beprate om foar him yn 't plak te stjerren. De toansetting is, ôfhinklik fan 'e ynterpretaasje, fleurige romantysk of bittere iroanysk. It stik wûn yn 438 f.Kr. de earste priis by de jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus, as ûnderdiel fan in tetralogy (fjouwerdielige rige) fan trageedzjes, wat in tige ûngebrûklike groepearring wie, mei't it wenst wie dat toanielskriuwers trije trageedzjes en in saterspul foar de wedstryd ynskreaune. Alkêstis is, mei de mooglike útsûndering fan Resus, it ierste oerlevere stik fan Euripides, al skreau er doedestiden al santjin jier toanielstikken. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1995.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas dat gebrûklik is by Aldgrykske trageedzjes, begjint Alkêstis in medias res, oftewol yn 'e midden fan 'e ferwikkelings. Foar it paleis fan kening Admetus, yn Ferai (it hjoeddeiske Velestino, yn Magneezje), leit de god Apollo it ferhaal oant no ta út. Doe't Apollo foar in perioade fan njoggen jier ferballe wie fan 'e berch de Olympus, dêr't de Grykske goaden wenje, brocht er dy tiid troch by kening Admetus fan Tessaalje, in man dy't wiidferneamd is om syn gastfrijheid. Oan 'e ein fan 'e njoggen jier woe Apollo wat weromdwaan, dat hy fierde de trije skikgoadinnen dronken en ûntfytmanne harren doe de tasizzing dat Admetus nea hoege soe te stjerren. In betingst wie wol, dat er dan in oar ree fine moatte soe om yn syn stee te stjerren. En dêr nypte it, want dat woe Admetus mar net slagje. No is de tiid fan Admetus syn dea nei-oan kommen en begjint de tiid foar him te driuwen. Hy fynt dat syn âlde heit Feres wol foar him stjerre koe, mar dy stegeret him ôf mei te sizzen dat er noch fiersten tefolle fan it libben genietet. Einlings stimt syn tawijde frou Alkêstis deryn ta om foar him te stjerren, mei't hja net wol dat har bern sûnder heit opgroeie en hjasels net sûnder har man libje wol. No, oan it begjin fan it toanielstik, leit Alkêstis yn it stjerren.
Apollo wol no fan ruten spylje, mei't er neat fan dwaan hawwe wol mei de dea fan Alkêstis, dy't op kommendeweis is. Mar oan 'e ein fan syn betooch tsjin it publyk, foar it paleis fan Admetus, treft er dêr Tanatos (de Aldgrykske personifikaasje fan 'e dea), dy't ûnderweis is om Alkêstis har siel op te heljen en nei de ûnderwrâld te begelieden. Dan folget in komysk petear wêrby't Tanatos Apollo beskuldiget fan glûpske trúkjes dêr't er de dea mei besiket te bedonderjen. Apollo sprekt dat tsjin en besiket dan Tanatos sa fier te krijen dat er dermei ynstimt en sko Alkêstis har dea op 'e lange baan. Mar Tanatos stegeret him sarkastysk ôf mei te sizzen: "Dizze iene kear sil jo ûntholden wurde wat jowes net is." Apollo jout him dêrop mei in steand seil ôf, mar net foar't er de foarsizzing dien hat dat der immen komme sil dy't de Dea Alkêstis ûntnaderje sil.
Op har stjerbed fersiket Alkêstis dat yn ruil foar har selsopoffering Admetus nea wertrouwe sil, noch har ferjitte sil. De kening stimt dêryn ta en ûnthjit dat er ta har oantins in libben fan plechtige somberens liede sil, wat alhiel yn tsjinstelling is mei wêr't er om bekendstiet. Nei it hearren fan dy wurden stjert Alkêstis. Fuort dêrnei arrivearret de held en healgod Hêraklês yn it paleis sûnder dat er aan hat fan wat der bard is. Mei't it him twer is en stjoer in gast fuort, leit Admetus dan syn tsjinstfolk op om moai waar te spyljen en Hêraklês neat wizer te meitsjen. Dêrmei brekt er daliks al syn ûnthjit fan in libben fan plechtige somberens, want ta eare fan Hêraklês wurdt der in feestlik gastmiel oanrjochte. Hêraklês rekket beskonken en begjint de tsjinners, dy't eins harren keninginne gewoan berouje wolle kinne, te yrritearjen. Einlings en te'n lêsten spat ien fan harren op, en dan komt de moard út.
Hêraklês is yn sek en jiske om syn flater en fanwegen syn ûnfatsoenlik hâlden en dragen, dat hy beslút it goed te meitsjen. Hy giet derop út en komt Tanatos oer it mad as de begraffenisoffers by it grêf fan Alkêstis makke wurde. As er weromkomt, hat er in frou by him dy't in wale foar hat. Admetus makket er wiis dat er har wûn hat by in wedstryd. Hy stiet der by syn gasthear op oan en tink om har wylst er sels fuort is om syn Wurken te ferrjochtsjen. Nei hiel wat hinne en wer praten twingt er de ûnwillige Admetus it frommeske op. Mar as dy har de wale optilt, docht bliken dat it Alkêstis is, dy't Hêraklês oan 'e Dea ûntwraksele hat. It stik einiget as de healgod oan 'e mei stomheid sleine Admetus útleit dat Alkêstis de earste trije dagen net prate kinne sil, mar dat hja de trêde deis lottere en wer folslein ta libben komme sil.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan Alkēstis ferskynde yn 1995 ûnder de titel Alkêstis fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertaling fan Homêros syn Ilias en Odyssee. Bruinsma brocht it toanielstik yn in boekje fan 32 siden yn eigen behear út. It is op te freegjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 095.339.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side. |