James Fenimore Cooper

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In portret fan James Fenimore Cooper, troch John Wesley Jarvis.

James Fenimore Cooper (Burlington (Nij-Jersey), 15 septimber 1789Cooperstown (New York), 14 septimber 1851) wie in Amerikaansk skriuwer. Mei syn histoaryske romans oer it libben fan blanke kolonisten en Yndianen oan 'e Amerikaanske frontier skoep er in unike Amerikaanske foarm fan literatuer. Ta dat sjenre heart ek syn fierwei bekendste boek, The Last of the Mohicans (De Lêste Mohikaan), dat ûnderdiel foarmet fan 'e rige de Leatherstocking Tales, mei yn 'e haadrol de wâldrinner Nathaniel "Natty" Bumppo, byneamd Haukeach (Hawkeye). Ek hjoed de dei wurdt dy roman, dy't faak beskôge wurdt as Cooper syn masterwurk, noch in protte lêzen. Syn seemansferhalen, basearre op syn eigen tsjinst by de Amerikaanske marine, binne minder bekend. Likegoed wied er ien fan 'e meast lêzen Amerikaanske auteurs út 'e 19e ieu.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

James Fenimore Cooper waard 1789 berne as de soan fan William Cooper en Elizabeth Fenimore. Hy wie it alfde bern yn in begoedige húshâlding fan tolve bern, mar de measten dêrfan stoaren ear't se folwoeksen wiene. Syn earste libbensjier brocht Cooper troch yn 'e steat Nij-Jersey, mar dêrnei ferfear er mei syn âldelju nei de steat New York, dêr't syn heit, dy't in lid fan it Amerikaanske Kongres wie, it plak Cooperstown stifte, oan 'e Otsego-mar, yn in krite yn sintraal New York dat omjûn waard troch it wengebiet fan 'e stammen fan 'e Irokeeske Konfederaasje.

Yn 1802, op syn trettjinde, waard Cooper talitten ta de prestizjeuze Universiteit fan Yale, mar nei't er in gefaarlike grap úthelle hie, wêrby't mei buskrûd de keamersdoar fan in oare studint fan 'e hingen blaasd waard, waard er dêr yn syn trêde jier fuortstjoerd sûnder syn stúdzje ôfmakke te hawwen. Dêrop fûn er, yn 1806, wurk as seeman op in Amerikaanske keapfarder. Yn 1808 naam er tsjinst by de Amerikaanske marine, mei de rang fan adelboarst. By it ferstjerren fan heit, yn 1809, urf Cooper in kaptaal oan jild. Hy gie werom nei hûs, en mei ienentweintich troude er, yn 1811, mei Susan Augusta de Lancey, in dochter út in rike loyalistyske famylje. Hja krigen sân bern, wêrfan't fiif folwoeksen waarden. Cooper syn dochter Susan Fenimore Cooper (1813-1894) waard sels ek skriuwster, benammentlik oer de natoer en frouljusrjochten, en Paul Fenimore Cooper (1899-1970), in tweintichste-ieusk skriuwer, wie in oerpakesizzer fan Cooper. Hoewol't Cooper ôfstamme fan quakers dy't yn 1679 nei de Amerikaanske koloanjes ferfearn wiene, om oan ferfolging yn Ingelân te ûntkommen, wie hysels syn libben lang in trou lid fan 'e Episkopaalske Tsjerke (de Anglikaanske Tsjerke yn 'e Feriene Steaten).

Stânbyld fan James Fenimore Cooper yn Cooperstown (New York).

Yn 1820 sleat Cooper syn frou Susan mei him in weddenskip ôf dat er in better boek skriuwe koe as dat dat sy op dat stuit oan it lêzen wie. Dêrop skreau Cooper de roman Precaution (1820), in Jane Austen-eftich boek dat yn Ingelân spilet. Hy publisearre it anonym en sette al mei gauwens útein mei oare romans. Yn 1823 kaam syn The Pioneers út, it earste diel fan syn ikoanyske searje de Leatherstocking Tales. De haadpersoan is de fernimstige Amerikaanske wâldrinner Nathaniel "Natty" Bumppo, better bekend as Haukeach (Hawkeye). Haukeach syn maat, it Mohikaanske opperhaad Chingachgook, wie Cooper syn foarm fan 'e "nommele wylde". De oare Leatherstocking Tales wiene The Last of the Mohicans (1826), The Prairie (1827), The Pathfinder (1840) en The Deerslayer (1841). Fan dy fiif is The Last of the Mohicans fierwei it bekendst wurden en bleaun.

Yn 1826 ferfear Cooper mei syn gesin nei Jeropa ta, dêr't se har yn it Frânske Parys nei wenjen setten. Cooper hope dêr mear mei syn boeken te fertsjinjen en teffens bettere skoallen foar syn bern te finen. Under de boeken dy't er yn Parys skreau en útjoech wiene The Red Rover en The Water-Witch, twa fan syn seemansferhalen. Yn 1834 kearde Cooper werom nei Cooperstown, dêr't er syn yn it neigean rekke âldershûs opknappe liet. Yn 1839 publisearre er it skiedkundige wurk History of the Navy of the United States of America, in boek dat er al lang fan doel west hie om te skriuwen en dêr't fjirtjin jier tarieding oan foarôfgien wie. Hoewol't him dit wurk nei in yn 't earstoan mylde ûntfangst op fûleindige krityk kaam te stean, wurdt it tsjintwurdich beskôge as de gesachhawwende tekst oer it ûntstean fan 'e Amerikaanske marine. Yn 1846 skreau Cooper ek noch in searje biografyen fan Amerikaanske marine-ofsieren, ûnder de titel Lives of Distinguished American Naval Officers.

De lêste jierren fan syn libben brocht Cooper troch yn Cooperstown. Hy stoar yn 1851, de deis foar syn 62ste jierdei, oan oedeem. Syn frou Susan oerlibbe him mar in pear moanne. James Fenimore Cooper wie by syn libben al ien fan 'e meast lêzen Amerikaanske skriuwers, en syn wurk waard wrâldwiid wurdearre. De Eastenrykske komponist Franz Schubert lies him op syn stjerbêd. De Frânske skriuwer Honoré de Balzac hie grutte bewûndering foar syn wurk. Cooper's ferhalen binne oerset yn alle grutte Westerske en ek yn guon Aziatyske talen. Guon rekkenje Cooper ta de Romantyske skriuwers, oaren net. De Frânske auteur Victor Hugo ferklearre Cooper ta in grut master fan 'e Romantyk. Dat wol fansels net sizze dat er gjin kritisy hie; Mark Twain, bygelyks, hie net in soad mei him op. Benammen ek de beskriuwing fan froulike personaazjes yn syn romans, dy't neffens syn kritikasters slop en neatsizzend en allegearre krekt-en-gelyk wiene, waarden him kwea-ôf nommen.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Jier Titel en ûndertitel Soarte Opmerkings
1820 Precaution roman anonym útjûn; spilet yn Ingelân, yn 1813-1814
1821 The Spy: A Tale of the Neutral Ground roman oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1778
1823 The Pioneers: or The Sources of the Susquehanna roman diel 1 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1793-1794
1823 Tales for Fifteen, or Imagination and Heart 2 koarte ferhalen skreaun ûnder it pseudonym Jane Morgan
1824 The Pilot: A Tale of the Sea roman seemansroman oer de Amerikaanske seeheld John Paul Jones, spilet yn 1780
1825 Lionel Lincoln, or The Leaguer of Boston roman oer de Slach om Bunker Hill, yn 'e Amerikaanske Frijheidsoarloch
1826 The Last of the Mohicans: A Narrative of 1757 roman diel 2 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1757; hjirfan kaam yn 1985 in Frysktalige bewurking foar jongerein út ûnder de titel De Lêste Mohikaan
1827 The Prairie roman diel 3 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1805
1828 The Red Rover: A Tale roman seemansroman, spilet yn 1759
1828 Notions of the Americans: Picked up by a Travelling Bachelor non-fiksje in beskriuwing fan 'e Feriene Steaten foar Jeropeeske lêzers
1829 The Wept of Wish-ton-Wish: A Tale roman oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1660-1676
1830 The Water-Witch: or the Skimmer of the Seas roman seemansroman, spilet yn 1713
1830 Letter to General Lafayette polityk manifest
1831 The Bravo: A Tale roman spilet yn it achttjinde-ieuske Feneesje
1832 The Heidenmauer, or The Benedictines, A Legend of the Rhine roman spilet yn it Dútske Rynlân, yn 'e sechstjinde ieu
1832 No Steamboats koart ferhaal
1833 The Headsman: The Abbaye des Vignerons roman spilet yn it achttjinde-ieuske Switserlân
1834 A Letter to His Countrymen polityk manifest
1835 The Monikins roman politike satire
1836 The Eclipse memoires oer de sinnefertsjustering yn Coopertown yn 1806
1836 An Execution at Sea koart ferhaal seemansferhaal
1836 Gleanings in Europe: Switzerland (Sketches of Switzerland) reisferhaal ferslach fan in reis troch Switserlân, yn 1828
1836 Gleanings in Europe: The Rhine (Sketches of Switzerland, Part Second) reisferhaal ferslach fan in reis troch Switserlân, Frankryk en it Rynlân yn 1832
1836 A Residence in France: With an Excursion Up the Rhine, and a Second Visit to Switzerland reisferhaal
1837 Gleanings in Europe: France reisferhaal ferslach fan ferbliuw yn Frankryk (1826-1828)
1837 Gleanings in Europe: England reisferhaal ferslach fan reizen yn Ingelân yn 1826, 1828 en 1833
1838 Gleanings in Europe: Italy reisferhaal ferslach fan ferbliuw yn Itaalje (1828-1830)
1838 The American Democrat: or Hints on the Social and Civic Relations of the United States of America non-fiksje oangeande de maatskippij en it regear fan 'e Feriene Steaten
1838 The Chronicles of Cooperstown skiednis pleatslike skiednis fan Cooperstown (New York)
1838 Homeward Bound, or The Chase: A Tale of the Sea roman mei autobiografyske skaaimerken kontemporên (1835)
1838 Home as Found: Sequel to Homeward Bound roman mei autobiografyske skaaimerken kontemporên (1835)
1839 The History of the Navy of the United States of America skiednis skiednis fan 'e Amerikaanske marine
1839 Old Ironsides skiednis skiednis fan it fregat USS Constitution; postúm publ. yn 1853
1840 The Pathfinder, or The Inland Sea roman diel 4 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1759
1840 Mercedes of Castile: or, The Voyage to Cathay roman oer Kristoffel Kolumbus yn West-Ynje, yn 'e 1490-er jierren
1841 The Deerslayer: or The First Warpath roman diel 5 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1740-1745
1842 The Two Admirals roman seemansroman, spilet yn Ingelân, yn 1745
1842 The Wing-and-Wing: le Le Feu-Follet roman seemansroman, spilet foar de Frânske kust, yn 1745
1843 Autobiography of a Pocket-Handkerchief novelle maatskiplike satire; ek publisearre as Le Mouchoir: An Autobiographical Romance en as The French Governess, or The Embroidered Handkerchief
1843 Richard Dale roman
1843 Wyandotté, or The Hutted Knoll: A Tale roman oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1763-1776
1843 Ned Myers, or Life before the Mast biografy oer in maat fan Cooper dy't yn 1813 yn in stoarm in skipbrek oerlibbe
1844 Afloat and Ashore, or The Adventures of Miles Wallingford: A Sea Tale roman oan 'e Amerikaanske frontier en yn 'e widere wrâld, yn 1795-1805
1844 Miles Wallingford: Sequel to Afloat and Ashore roman oan 'e Amerikaanske frontier en yn 'e widere wrâld, yn 1795-1805
1844 Proceedings of the Naval Court-Martial in the Case of Alexander Slidell Mackenzie, &c. skiednis oer de rjochtsaak fan 'e marine-ofsier Alexander Slidell Mackenzie, in fijân fan Cooper, dy't foar de kriichsrie komme moast om't er 3 opfarrenden sûnder proses ophingje litten hie fanwegen muiterij (wêrûnder in soan fan 'e Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken John C. Spencer
1845 Satanstoe, or The Littlepage Manuscripts: A Tale of the Colony roman oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1758
1845 The Chainbearer, or The Littlepage Manuscripts roman oan 'e Amerikaanske frontier, yn 'e 1780-er jierren; ferfolch op Satanstoe
1846 The Redskins, or Indian and Injin: Being the Conclusion of the Littlepage Manuscripts roman ferfolch op The Chainbearer, no net mear oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1845
1846 Lives of Distinguished American Naval Officers biografyen
1847 The Crater, or Vulcan's Peak: A Tale of the Pacific roman seemansroman, spilet yn 'e iere 19e ieu
1848 Jack Tier, or The Florida Reefs roman seemansroman; ek bekend as Captain Spike, or The Islets of the Gulf; spilet by de Florida Keys, yn 1846
1848 The Oak Openings, or The Bee-Hunter roman oan 'e Amerikaanske frontier, yn 'e Oarloch fan 1812
1849 The Sea Lions, or The Lost Sealers roman seemansroman, spilet yn 1819-1820
1850 The Ways of the Hour roman in kontemporên moard- en rjochtsaakmystearje, dat ek frouljusrjochten oanroert
1850 Upside Down, or Philosophy in Petticoats toanielstik satire op it sosjalisme
1851 The Lake Gun koart ferhaal politike satire
1851 New York, or The Towns of Manhattan skiednis ûnfoltôge skiednis fan 'e stêd New York; postúm útjûn yn 1864

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.