Springe nei ynhâld

Amerikaanske Unôfhinklikenskriich

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Amerikaanske Frijheidsoarloch)
De oerjefte fan generaal Cornwallis betsjutte eins de ein fan de striid

De Amerikaanske Unôfhinklikenskriich is de oarloch tusken Grut-Brittanje en har trettjin koloanjes yn Noard-Amearika: Nij-Hampshire, Massachuttes, Rhode Island, Konnetikut, New York, Nij-Jersey, Pennsylvania, Delaware, Marylân, Ferginia, Noard-Karolina, Súd-Karolina en Georgia. De oarloch resultearre yn de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten fan Amearika.

Foar it konflikt útein sette soe, wiene de ferskillen tusken de trettjin koloanjes nochal grut, benammen yn ekonomysk opsicht bestienen der ferskillen. It noarden wie in gebiet fan hannelers, wylst de ekonomy fan it suden bepaald waard troch fan slavernij ôfhinklike tabaks-, rys- en katoenplantaazjes. De hege belêstings dy't de koloanjes oplein waard nei de saneamde French and Indian War (Sânjierrige Oarloch) soene soarge dat hja in mienskiplik belang krigen.

Tsjin de mienskiplike Frânske fijân yn Kanada waard noch tegearre oplutsen troch de koloanjes en Ingelân en dat late yn 1763 ta de ferovering fan Kanada. De "French and Indian War" koste it memmelân Iykwols in slompe jild en om de kas wer te spekken waarden der hieltiten swierdere belestings op de koloanjen lein. By de Amerikanen roppen dy belêstings in protte wjerstân op. It ferset dêrtsjin liet net lang op him wachtsje en op 2 july 1776 waard de ûnôfhinklikheid al útroppen en op 4 july de troch Thomas Jefferson skreaune Declaration of Independence oannomd. Oerbefelhawwer fan de koloanjes waard George Washington.

It ferrin fan de kriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de kapitulaasje fan in Ingelsk leger op 17 oktober 1777 by Saratoga slagge de Amerikaanske gesant yn Parys, Benjamin Franklin deryn Frankryk oer te heljen de side fan Amearika te keazen. Yn 1781 by in mienskiplike aksje fan it Amerikaansk-Frânsk leger waard in grut part fan it Ingelke leger yn Amearika ynsletten en twongen harren oer te jaan. De kapitulaasje soe sawat de ein fan de oarloch ta gefolch ha. De Amerikaanske Frijheidsoarloch duore oant 1783. Op 19 april 1783 erkenden de Britten harren ferlies by de Frede fan Versailles en lutsen har werom út de Feriene Steaten. Dêrtroch wie de Amerikaanske republyk in feit. Nederlân wie, nei Frankryk, it twadde lân dat de ’Feriene Steaten fan Amearika’ erkende (1782).

Dat de trettjin sa ferskillende koloanjes daliks in ienheid foarmje soenen, die bliken in utopy te wêzen. It ienige mienskiplike wie winlik de Articles of Confederation, in soarte grûnwet dy't lykwols benammen it ûnôfhinklike karakter fan de koloanjes befêstige. Fierders wie der winliken mar ien mienskiplik orgaan, it Kongres, dat lykwols mar in pear kear jiers gearkaam. Dy losse ferbyntnis fan steaten hie te lijen ûnder grutte oarlochsskulden, in weromrinnende hannel en it ûntbrekken fan in sintraal gesach. De saneamde Federalisten pleiten foar in sterker gesach en in bettere grûnwet.

Yn 1787 waard der yndie in nije grûnwet oannomd, in muoisum proses dat pas ôfrûne wie doe't der in saneamde Bill of Rights oan de grûnwet taheakke waard. De "bill of rights" bestie út tsien artikels dy't de minsklike grûnrjochten befetten. Troch it oannimmen fan de nije grûnwet giene de trettjin koloanjes as in Uny fan de Feriene Steaten fierder en yn 1789 waard George Washington de earste presidint, in held út de oarloch tsjin de Britten.