Springe nei ynhâld

It Libben fan Bonifatius

Ut Wikipedy
It Libben fan Bonifatius
De Fryske oersetting, yn 2004 útjûn troch Utjouwerij Bornmeer.
De Fryske oersetting, yn 2004
útjûn troch Utjouwerij Bornmeer.
algemiene gegevens
oarspr. titel Vita Bonifatii
auteur Willibald fan Mainz
taal Latyn
foarm hilligelibben
skreaun <769
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Libben fan Bonifatius
publikaasje 2004, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Bornmeer
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 9 05 61 50 898

It Libben fan Bonifatius, yn it oarspronklike Latyn: Vita Bonifatii, is in hilligelibben of hagiografy oer de ferneamde kristlike achtste-iuwske biskop en sindeling Bonifatius, dy't neffens de leginde yn 754 by Dokkum fermoarde waard. It is skreaun troch Willibald fan Mainz, in jonge mûnts oer wa't fierders net folle bekend is. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma kaam út yn 2004.

Nei de dea fan Bonifatius ûntstie der al gau fraach nei in hilligelibben oer de man, fral út Ingelân wei, dêr't er op 't lêst berne wie. Sa krong biskop Milred fan Worcester dêr yn in brief op oan dy't er stjoerde oan Lullus, dy't Bonifatius as aartsbiskop fan Mainz opfolge wie. De opdracht om dy vita gear te stallen, waard jûn oan in jonge mûnts fan Angelsaksysk komôf, dy't koart nei de dea fan Bonifatius yn Mainz arrivearre wie. Hy hie de man sels nea met, dat hy moast syn libbensbeskriuwing basearje op ferhalen dy't er fan learlingen en freonen fan Bonifatius te hearren krige. Nettsjinsteande dat waard syn Vita Bonifatii in grut súkses, en binne der teminsten fjirtich ûnderskate manuskripten fan bekend. Willibald droech syn wurk op oan syn opdrachtjouwers, aartsbiskop Lullus en biskop Megingozus fan Würzburg. Om't dy lêste yn 769 ferstoar, witte we dat de Vita Bonifatii yn alle gefallen foar dat jier reekommen wêze moat.

In houten byldsje fan Bonifatius.

Yn syn Vita Bonifatii beskriuwt Willibald op yngeande wize it libben fan Bonifatius, dy't earne yn súdlik Ingelân berne waard ûnder de namme Winfrid. Hy trede al ier yn in kleaster by Exeter yn en krige neitiid wiidweidiger ûnderrjocht yn it benediktynske kleaster fan Nursling, deunby Winchester. Doe't er tritich jier âld wie, waard er ta preester wijd, en doe't om 716 de abt fan it kleaster fan Nursling, Wynberth, kaam te ferstjerren, waard fan him ferwachte dat er de man opfolgje soe. Ynstee sette er yn 716 ôf oersee nei Fryslân, dêr't er him yn Utert by Willibrord joech. Mei't der op dat stuit gjin sinding ûnder de Friezen plakfine koe, fanwegen de oangeande oarloch tusken de Frankyske hofmeier Karel Martel en de Fryske kening Redbad, reizge er it jiers dêrop troch nei Rome, dêr't paus Gregoarius II him de namme "Bonifatius" joech en him beneamde ta misjonêr biskop fan Germania.

Dêrop reizge er nei Dútslân ta, dêr't er by Fritzlar, yn Hessen, de saneamde Doanar-iik omkappe en dêrmei moedwillich in heidensk hillichdom ûntwijde. Neffens de vita koed er in grutte smite folk bekeare doe't er dêrby net deadien waard troch de god Doanar. Yn 'e jierren dêrnei wied er wurksum yn Hessen, Tueringen en Beieren, dêr't er mei stipe fan 'e Frankyske oerhearskers trochgie mei it bestriden fan it lânseigen heidenske leauwe yn dy kriten en it kristenjen fan 'e befolking dêre. Mar hy joech nea de hope op om ek de Friezen nochris te bekearen, en yn 754 sette er fannijs ôf nei Fryslân, dêr't er frijwat lju ta it kristendom brocht, oant er úteinlik mei 52 oaren by Dokkum út 'e ljochten holpen waard. Willibald beëiniget syn ferhaal mei de leginde fan hoe't op it plak dêr't Bonifatius syn bloed fergetten waard, in libbene welle ûntsprong doe't dêr letter in tsjerke yn oanbou wie.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan 'e Vita Bonifatii ferskynde yn 2004 ûnder de titel It Libben fan Bonifatius as ûnderdiel fan 'e rige Farskskrift by Utjouwerij Bornmeer, (doe noch) te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma, en der wie in koarte mar ynformative ynlieding tafoege, skreaun troch Akky van der Veer, de skriuwster fan (û.m.) de biografy Bonifatius en syn Tiid, dy't ek yn 2004 útkaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Willibald, It Libben fan Bonifatius, Ljouwert, 2004 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 9 05 61 50 898.