Springe nei ynhâld

Frysk en Frij (tydskrift)

Ut Wikipedy
Frysk en Frij
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taalFrysk
sjenreopiny
frekwinsje12-50 × jiers
bestean1972-1997
útjouwerStichting Jacobus van Loon
tal abonnees8.000

Frysk en Frij wie in tydskrift, yn it earstoan moanneblêd, útjûn troch de Stichting Jacobus van Loon.

It earste nûmer ferskynde fan 1 jannewaris 1972; it blêd bestie oant en mei 1997. Troch in hurd oprinnend oantal abonnees koe de ferskiningsfrekwinsje opfierd wurde nei ienkear yn de fjirtjin dagen. Sûnt oktober 1974 gie dat nei ien kear yn de wike. It tal abonnees wie doe ± 8000 (ynklusyf regionale edysje Kontakt). De eksploitaasje wie benammen mooglik troch de tydskrifteregeling.

Meiwurkers en âld-meiwurkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: