Albertina Soepboer
Appearance
| Albertina Soepboer | ||
| Albertina Soepboer | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 3 desimber 1969 | |
| berteplak | Holwert | |
| wurk | ||
| taal | Frysk, Nederlânsk | |
| sjenre | Roman, poëzy, koart ferhaal | |
| prizen | Rely Jorritsmapriis | |
| offisjele webside | ||
| Webstee fan de skriuwster | ||
Albertina Soepboer (Holwert, 3 desimber 1969) is in Frysk/Nederlânsk skriuwster. Hja studearre yn Grins Spaansk en Frysk en hja bleau oant 2006 yn dy stêd. Se wennet en wurket yn Harns. Se publisearret sawol yn it Frysk as it Nederlânsk.
Yn 1995 makke se har debút mei de Frysktalige bondel Gearslach. Oant no ta ferskynden 14 dichtbondels fan Albertina Soepboer. Dêrneist publisearre se in roman en ferskate ferhalebondels. As dichter hat se teksten skreaun foar de Fryske fadosjongeres en aktrise Nynke Laverman en wurke se tegearre mei it Rubens Kwartet.
Soepboer wie redakteur fan Trotwaer en levere bydragen oan Schrijver & Caravan, Gratis Literair Blaadje en Millennium.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poëzy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gearslach (1995)
- De hengstenvrouw (1997)
- De twirre yn 'e tiid (1997)
- It nachlân (1998)
- De tweelingzus: gedichten útjûn ta gelegenheid fan Koppermaandag (1999)
- De stobbewylch (2000)
- De dieptering (2001)
- Moeder Spin (2002)
- De fjoerbidders (2003)
- Het nachtland ; De knotwilg (2003)
- Zone (2005)
- Kearsinne (2006)
- De trektocht (2010) Amsterdam, Atlas/Contact. ISBN 978-90-254-3539-4
- Bezonken (2014) Amsterdam, Atlas/Contact. ISBN 978-90-254-4337-5
- Herbarium (2014)
- Vertakkingen (2019) Amsterdam, Atlas/Contact. ISBN 978-90-254-4618-5
Ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Krystman (2003)
- De komst fan Sint Anthonius (2005)
- Reistiid (2008)
Roman
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De seemearmin (2012)
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fjoer yn ‘e kop : ienakter foar jongerein (1999)
- Vuur in de kop (oersetting: troch Goaitsen en Heike van der Vliet) (2003)
- De Groote Storm : De Grutte Stoarm (2005)
- Woartels (2005)
- Maisfrou (2005)
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rely Jorritsmapriis 1996 foar it fers Kâldfjoer
- Rely Jorritsmapriis 1997 foar it fers De skulp
- Rely Jorritsmapriis 1998 foar it fers Flearlân
- Rely Jorritsmapriis 2003, foar it ferhaal Dy griene neisimmer.