Piter Yedema
Piter Yedema | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 22 april 1941 | |
berteplak | Boalsert | |
stoarn | 20 april 2018 (76 jier) | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | poëzy (fêste fersfoarm), koart ferhaal, kollumn | |
bekendste wurk(en) |
Manneboete | |
jierren aktyf | 1987-2018 | |
offisjele webside | ||
gjin |
Piter Yedema (Boalsert, 22 april 1941 - Ljouwert, 20 april 2018)[1] wie in Frysk learaar, dichter, oersetter en tydskriftredakteur út Mantgum.
Yedema wie ferskate jierren learaar wiskunde en natuerkunde oan middelbere skoallen yn Snits en Ljouwert. Fierders wenne er koarte tiid om utens yn Ingelân en letter yn Skotlân, en ek brocht er ferskate winters troch op Sisylje en Sardynje. Tusken 1975 en 1979 wie er redakteur fan it literêre tydskrift Hjir.
Yedema debutearre yn 1987 as dichter mei de bondel Boarring. Oar wurk fan him ferskynde yn Trotwaer, Frysk en Frij en de Moanne. Yn 1992 kaam syn fertaling fan 'e Sonnetten fan William Shakespeare út, njonken eigen sonnetten, yn de bondel Manneboete. Yedema hie fan 1998 oant 1999 in kollumn yn de Ljouwerter Krante en skreau ek foar it Frysk Deiblêd.
Yedema ferstoar op 21 april 2018 hommels oan in hertstilstân yn de âldens fan 76 jier yn it MCL.
Poëzy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1987: Boarring
- 1987: Lieten fan de flakte : 19 villanellen
- 1987: Under oaren : 8 rondielen
- 1988: In iepen winter
- 1992: Manneboete : sonnetten
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|