de Moanne
de Moanne | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
taal | Frysk | |
sjenre | algemien-kultureel opinyblêd | |
frekwinsje | 12 × jiers | |
bestean | 2002-no | |
plak haadred. | Ljouwert | |
oplaach | 3000 de moanne | |
offisjele webside | ||
Webstee fan de Moanne |
It blêd de Moanne (offisjele skriuwwize mei in lytse letter d) is in meartalich kultureel opinyblêd dat ienris yn 'e moanne útkomt. It blêd stribbet der nei in bydrage te leverjen oan it yn libben hâlden fan kultuer en taal yn Fryslân sûnder ûnderhearrich te wêzen oan in bepaalde (maatskiplike) ideology. de Moanne bestiet sûnt 2002. De bydragen binne meast yn it Nederlânsk en it Frysk.
Yn de Moanne is it literêre tydskrift Trotwaer, dat oant 2003 selsstannich ferskynde, as literêr katern opnommen. De Moanne wie ynearsten in útjefte fan de Afûk; sûnt juny 2009 wurdt it blêd mei-útjûn troch Tresoar en de Fryske Akademy. Troch dy gearwurking krige de Moanne in oplage fan 3.000 eksimplaren de moanne.[1] De ynhâld fan it tydskrift ferskynt mei in moanne fertraging ek op it ynternet.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frysktalige media
- Oare betsjuttings fan (de) Moanne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|