Oerlis:De Moanne
Appearance
@Mysha: Hawwe jo sjoen wat ik hjir dien haw? Mei de funksje 'displaytitle' kinne jo de werjefte fan 'e titel fan artikels oanpasse (haw iksels in goed fearnsjier lyn ûntdutsen). Dus as jo dy kursyf hawwe wolle, om't it in titel is, dan kinne jo op 'e side sette {{DISPLAYTITLE:''{{PAGENAME}}''}}, of as der in tafoeging by is dy't krekt net kursyf moat: {{DISPLAYTITLE:''De Moanne'' (tydskrift)}}. Dat kin it bêste earne ûnderoan de side, haw ik ûntdutsen, want oars jout it in ekstra wytregel yn 'e tekst. As jo fan 'e earste letter in lytse letter meitsje wolle, kin dat op dizze manier dus ek. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 mrt 2018, 18.44 (CET)
- Ah, dat hie ik noch net earder sjoen. Ik wist net better as wie der hieltyd noch gjin oplossing foar. Sa trêdet de beskaving fierder. Siet dit ek earne yn sa'n útlis fan hoe docht men wat? Mysha (oerlis)
- Nee. Of, no ja, miskien wol, mar ik bin it tafallich tsjinkommen doe't ien it sûnder erch (tink ik) meikopiëarre hie fan in oare Wikipedy. Want ik wist krekt as jo net better as dat dit hjir net koe, mar doe seach ik ynienen dat der in titel kursyf stie. Ik tocht, dan moat dat lizze oan wat dat op dy side stiet, dat doe bin ik dêr begûn te sykjen, en doe fûn ik 'displaytitle'. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 mrt 2018, 17.48 (CET)