Medysk Sintrum Ljouwert

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Haadyngong MCL

It Medysk Sintrum Ljouwert (MCL) is in sikehûs yn Ljouwert.

It MCL leit yn it suden fan Ljouwert en hat goed 700 bêden. It is it grutste net-akademyske sikehûs fan Nederlân. It MCL hat in regionale funksje foar hiel Fryslân, hast alle gebrûklike spesjalismen yn'e hûs en dêrnjonken in tal bysûndere spesjalismen en sintrums, lykas it Hertsintrum Fryslân, it Spatiersintrum Friesland en it Sintrum foar Obesitas Nederlân. It MCL wie yn 2004 ien fan de earste sikehuzen fan it lân mei spesjaal ynrjochte operaasjekeamers foar minimaal-ynvasive sirurgy, de saneamde endosuites. It MCL fersoarget yn'e mande mei it UMCG opliedingen ta medysk spesjalist. It MCL hat in eigen opliedingsynstitút, de MCL Akademy.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It MCL is yn 1982 ûntstien út trije Ljouwerter sikehuzen:

Yn respektivelik 1987 en 2004 binne it MCL-midden en it MCL-Noard sluten. De namme MCL-Súd waard yn 2004 feroare yn MCL. It hjoeddeistige MCL waard yn 1987 boud en letter ferskate kearen útwreide. It MCL is no it grutste gebou fan Ljouwert. MCL Harns, it eardere Streeksikehûs Oranjeoard is sûnt 1995 ek ûnderdiel fan it MCL. Dit sikehûs koe allinnich bestean bliuwe as it fúzjearje soe.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]