Eppie Dam
Eppie Dam | ||
skriuwer | ||
Eppie Dam | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 5 maart 1953 | |
berteplak | De Pomp | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Roman, Berneboek, Poëzy | |
prizen | Rely Jorritsmapriis (1973), (1975), (2015), Simke Kloostermanpriis (2001), Gysbert Japicxpriis (2017) | |
jierren aktyf | 1973-No |
Eppie Dam (De Pomp, 5 maart 1953) is in ûnderwizer, dichter en skriuwer út Sleat.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dam groeide op yn in agrarysk fermidden en folge de oplieding ta ûnderwizer. Hy wurke earst op Urk en sûnt 1991 yn Balk. Eppie Dam is in tige produktyf skriuwer. Hy skriuwt û.o. romans, berneboeken, kollums en gedichten en hat redakteur west fan Trotwaer. Hy skriuwt njonken it Frysk ek yn it dialekt fan De Pomp, it Pompstersk. Hy wûn in kearmannich de Rely Jorritsmapriis fan it Rely Jorritsma-fûns. Yn 2001 krige er foar Dingeman krijt wjokken de Simke Kloostermanpriis.
Yn tsjerklike fermiddens makke er namme as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy't passe yn ferskate perioades fan in tsjerklik jier. Hy skreau lieten tegearre mei Hindrik van der Meer dy't de meldijen komponearre. Foar de Stifting It Fryske Boek skreau er yn 1989 it boekewikegeskink, de novelle De tomaat. Dat wie it earste boek sûnt jierren dat spesjaal skreaun wie as in boekewikegeskink. Syn berneboeken wolle net moralisearjend wêze. It giet him mear om ferdraachsumheid, oprjochtens en solidariteit. It giet oer ûnderwerpen dy't de bern fan no dwaande hâlde. De bernebibel Woord voor Woord fan Karel Eykman sette Eppie Dam oer yn it Frysk en ferskynde as Wurd foar Wurd.
Eppie Dam is in de Fryske literatuer hast de iennichste dy't in bulte oer sport en benammen fuotbal skriuwt. Sa skreau er yn 2001 Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske. Ek skreau er in biografy oer Abe Lenstra en yn 2007 ferskynde it libbensferhaal fan Henk Kroes. foar ferskate Fryske tydskriften en kranten hat er kollums skreaun. Oer sport, mar ek oer taal, literatuer, ûnderwiis en natoer. 65 fan dy kollums waarden útjûn ûnder de titel Damstikken.
Bibliografy (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Novelle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De tomaat (Boekewikegeskink nû. 1, 1989)
Ferhalebondels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Strie oerdwers en soartgelike ferhalen (1978)
- De ûnderste stien (1982)
- It burd fan Fidel Castro (1995)
Berneboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Spinaazje mei spikers en oare ferhalen (1986)
- Babbelegûchjes (1989)
- Mei bleate fuotten op bêd en oare ferhalen (1990)
- Jelma (1991)
- Achlum Nobusco en de meunsternimmers (aksjeboek foar de Stifting It Fryske Boek, 1992)
- Wouter en de 24-trui (1993)
- Tachtich yn 'e bocht (1995)
- Dingeman krijt wjukken (1999)
- Pier en de bakkesbal (2001)
- Mezen meitsje toch gjin rúzje? (bisteferhalen fan Anton Koolhaas. Oersetten en foar bern bewurke, 2005)
- Lytse man (2007)
- Abe, in byld fan in spiler (2007)
- Abe, een beeld van een speler (2007)
- De elandkop fan omke Romke (2009)
- Fjouwer dappere mûskes (mei Gerrit Terpstra) (2012)
Dichtwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mei de jierren (1978)
- Tusken juster en jûn (1983)
- Goddeleaze tiid (1984)
- Fjouwer fertikaal (1985)
- De kaai ûnder de klok (1996)
- Te lange lêsten, fersen fan Eppie Dam by skilderijen fan Henk Pietersma (1986)
- De Pomp, Gedichten yn ut Pompster dialekt (1988)
- Boulân (mei Margryt Poortstra, 1990)
- De sachte tufkes fan dyn Lister (1993)
- De hûnsdagen (1995)
- Leaf en nuddels (1998)
- Neigeraden it noarden (2004)
- Blausucht (2009)
- Mem sjoch boi (2012)
- Fallend ljocht (2014)
- Omstreken (2020)
Liturgyen en lieten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wat in gelok (bernebibellieten, mei Folkert Verbeek, 1983)
- Wat in gelok 2 (bernebibellieten, ( mei Folkert Verbeek en Margryt Poortstra, 1990)
- Eén zwaluw maakt zomer'(1993)
- Een kinderlied voor de wereld (1994)
- Komen als geroepen (1994)
- Hoe sille wy fan frede sjonge? (1994)
- Uit hetzelfde hout gesneden (1995)
- Ik zie, ik zie wat jij ook ziet (1996)
- Hannah en de omgekeerde wereld (1997)
- Minsken fan 'e dei (1998)
- Hoe zullen wij van vrede zingen? (út it Frysk oerset troch Jan Popkema, 1999)
- De mantel van geefdoor, (1999)
- Weg van de psalmen (2000)
- Clamantis en de amandelboom (2003)
- De keunst fan it libben (2006)
- Wurden fan de berch (2008) (Mei muzyk fan Hindrik van der Meer)
- Johann Sebastian Bach, Matteuspassy (2008) (oerset út it Nederlânsk)
- Wylst de wrâld fan wille skattert (2010) (muzyk: Jan de Jong)
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Damstikken, in kar út de kollums fan Eppie Dam (1997)
- Foppe: Portret fan in bysûnder gewoan minske / Foppe: Portret van een bijzonder gewoon mens (2001)
- De stayer. De weg van Henk Kroes (2007)
- De skoskerinner. De wei fan Henk Kroes (2007)
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bekroaning yn de Rely Jorritsma-priisfraach
- Priis fan de berneboekesjuery
- Simke Kloosterman-priis
- 2001 Dingeman krijt wjukken
- Gysbert Japicxpriis
- 2017 foar de dichtbondel Fallend ljocht (2015)
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Siden dy't by de tiid brocht wurde moatte
- Frysk ûnderwizer
- Frysk dichter
- Frysk hymneskriuwer
- Frysk romanskriuwer
- Frysk koarte-ferhaleskriuwer
- Frysk berneboekeskriuwer
- Frysk publisist
- Frysk kollumnist
- Frysk tydskriftredakteur
- Skriuwer yn it Frysk
- Skriuwer yn it Pompstersk
- Persoan berne yn De Pomp
- Balk
- Persoan berne yn 1953