Henk Kroes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Henk Kroes

Henk Kroes (Terkaple , 1 novimber 1938), is de âld-foarsitter fan de Feriening De Fryske Alve Stêden. Yn dy funksje kundige er yn 1997 mei de wurden It giet oan! de Fyftjinde Alvestêdetocht oan. Dêrneist hat er in skoft aktyf west as foarsitter fan It Fryske Gea.

Alvestêderider[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1963 die Kroes sels mei oan de Tolfde Alvestêdetocht. It wie in ekstreem drege tocht wêrby mar ien persint fan de dielnimmers op de Bonkefeart yn Ljouwert oer de einstreek kaam. Kroes waard by Frjentsjer fan it iis helle.

Alvestêdefoarsitter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kroes waard yn 1994 foarsitter fan de Fryske Alve Stêden as opfolger fan Jan Sipkema. Dêrfoar wie hy fan 1970 ôf al iismaster fan de Feriening. Nei in rêstige winter yn 1995 krige Kroes yn 1996 in protte kommentaar doe't it bestjoer nettsjinsteande in bêste winterperioade de Alvestêdetocht net ride te litten. It like it bestjoer doe lykwols net ferantwurde om de tocht te hâlden.

De oare winter fan 1996 op 1997 wie it fuortendalik wêr priis. Kroes siet op 2 jannewaris de gearkomste fan de rayonhaaden foar. Nei de gearkomste kundige er mei de wurden It giet oan de tocht oan. Al gau stie Kroes yn it midden fan de belangstelling. Fan Grut-Brittanje oant Austraalje waard er skille troch sjoernalisten [1]. Nei in pear hektyske dagen waard de tocht op 4 jannewaris sûnder grutte swierichheden ferriden. By de tocht fan 1997 siet Kroes it grutste part fan de dei yn it FEC om by eventuele kalamiteiten de saken te stjoeren. Wol wie regele dat him de eare takomme soe om de lêste rider sels ôf te stimpeljen. Doe't it bliken die dat dit in swartrider wie, sei er lakonyk: Oh, dan binne jo de lêste offisjele swartrider. [2]

Op 21 novimber 2005 makke er bekend yn 2007 syn wurk as foarsitter by de Feriening te beëinigjen. Ek waard doe syn opfolger Wiebe Wieling yn it bestjoer keazen as fise-foarsitter dy't syn funksje yn 2007 oernimme soe. Op de ledengearkomste fan 14 jannewaris 2007 naam Henk Kroes ôfskie.

Fytser[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kroes hat meidien oan in tal lange sponsorfytstochten om jild te sammeljen foar goede doelen. Op 30 augustus 2003 kaam er yn Skeveningen oan nei in tocht fan 12.000 kilometer begûn in Wladiwostok. Tegearre mei tweintich oare fytsers sammele er jild foar de yninting tsjin polio[3].

By in oare tocht yn 2006 fytste Kroes met alve oaren 10.000 kilometer fan Boalsert nei Gana. Mei dit projekt, dêr't mear as 100.000 euro mei ophelle waard. woenen hja it ûnderwiis yn dat West-Afrikaanske lân ferbetterje.

Noaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Telegraaf 4 jannewaris 1997
  2. In ûnoffisjele Alvestedetocht webstee
  3. Frysk Deiblêd 30 augustus 2003