Bonkefeart

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Bonkfeart

De Bonkefeart of de Bonke is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart foarmet de earste ferbining benoarden de stêd fan it Alddeel mei de Dokkumer Ie. De Bonkefeart rint east-west, krekt noardlik fan de Grinzer Strjitwei, lykernôch fan de Hegebrêge oant Snakkerbuorren. Oan de oare kant fan de Dokkumer Ie, rint de Taniamear fierder nei it westen.

De Bonkefeart lei oarspronklik yn Ljouwerteradiel, mar yn de rin fan ferskate gemeentlike weryndielings is er earst de grins tusken de gemeenten, en letter part fan Ljouwert wurden. De Bonke is no fral ferneamd om't de Alvestêdetocht dêr einiget, en fan it ferske Bonkefeart fan Anneke Douma.

Oer de Bonke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2009 hat de gemeente Ljouwert nei oanlieding fan lûden fan bewenners fan 'e Vrijheidswijk oan 'e Bonke in wetterpjutteboartersplak, in fuotbalfjild en in doarpsgreide foar de buordoarpen ynrjochte, ûnder de projektnamme Oer de Bonke. Dit strân, yn 'e folksmûle de Bonkebeach neamd, kin op in grutte populêrens ûnder de jongerein en de bewenners fan 'e njonkenlizzende studinteflats rekkenje.